Boerinne Nynke Koopmans stapt út FvD en folget Van Haga

10 aug 2021 - 18:21

Ald-Steatelid en aksjeboerinne Nynke Koopmans fan Tytsjerk stapt út Forum voor Democratie. Se makket de oerstap nei de nije partij fan ek âld-Forumlid Wybren van Haga.

"Van Haga wie de reden dat ik nei Forum kaam":

Van Haga siet earder foar de partij fan Thierry Baudet yn de Twadde Keamer, mar stapte dêr earder dit jier al út. "Van Haga wie de reden dat ik nei Forum kaam bin", seit Koopmans. "Syn wize fan polityk bedriuwen sprekt my oan."

Dus no't Van Haga út de partij stapt is, wie it neffens Koopmans logysk dat sy dat ek die.

Foar't Van Haga de polityk yn gong, siet er yn de fêstgoedwrâld. Hy wie eigener fan Sjopperdepop BV. Van Haga wie sûnt begjin jierren 80 lid fan de VVD en foar dy partij kaam er yn 2017 ek yn de Twadde Keamer. Twa jier letter waard er út de fraksje set fanwegen in yntegriteitskwestje.

Van Haga hat doe in skoftke as selsstannich lid yn de Keamer sitten, oant er him yn 2020 oansleat by Forum voor Democratie. Dêr stapte er yn maaie út, omdat er it net iens wie mei in kontroversjele 5 maaie-poster dy't ûndertekene wie troch de partij.

Koartlyn hât de âld-hûzebaas in nije partij oprjochte: Belang van Nederland (BvNL). Hy wol opkomme foar ûndernimmers. Dêr past Nynke Koopmans neffens him goed by: "Zij staat letterlijk met beide benen in de klei als boerin. Ze heeft ervaring, want ze heeft lang in de gemeenteraad gezeten. Zij past goed bij Belang van Nederland."

Fjirde partij yn twa jier

Nynke Koopmans siet earder foar de VVD yn de Steaten. De ôfrûne jierren wie se gemeenteriedslid foar dy partij yn Tytsjerksteradiel. Se stapte yn 2019 út de VVD om't se it net iens wie mei it stikstofbeslút fan it kabinet. Se rjochte doe de Partij voor de Boeren op. Ek sleat se har oan by Forum voor Democratie.

Se kaam op it 22e plak op de list foar de Twadde Keamerferkiezingen fan maart. Koopmans har doel wie om it boerelûd better hearre te litten yn Den Haag.

BvNL is dus Koopmans har fjirde partij yn twa jier. Net frjemd, fynt Koopmans sels: "Der is de ôfrûne tiid in soad feroare yn Nederlân. It giet my dan om frijheid. Frij wêze. Sjoch, de útgongspunten fan Forum voor Democratie en BvNL steane ticht by inoar. Sawol Forum as Van Haga drage dat út. As je dat no foar de ien of de oar dogge, makket net sa folle út. It giet my om de soarch oer frijheid."

Koopmans Kandidaat-Keamerlid?

Koopmans wol mei in groep jonge minsken oan de slach om yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel keazen te wurden. Dêrnei wol se fierder sjen hoe't se de partij stypje kin. Van Haga sjocht yn har wol in kandidaat-Keamerlid: "Jazeker, in de Tweede Kamer moeten gewoon meer mensen komen uit de praktijk. Die weten wat er speelt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)