Mooglik histoaryske skipswrakken op Vliehors: "Mijn hart sloeg op hol"

10 aug 2021 - 17:55

It is de dream fan elke jutter: in iuwenâld skipswrak fine. Hein van Houten komt mooglik yn de buert. Op de Vliehors fan Flylân hat hy spanten en in stik fan de romp fûn. De skipresten kamen oan it ljocht troch de ekstreme waarsomstannichheden fan de lêste wiken.

histoaryske skipswrakken op Vliehors

"Kijk, dit is de plaats waar ik hem gevonden had", begjint Hein van Houten syn ferhaal. Hy is as natuerfotograaf in soad op de Vliehors te finen, mar ôfrûne wykein makke der wat nijs mei.

"Ik zag in de verte een soort van balk boven een zandduin uitsteken. Ik ben erop af gelopen en heb het met een schep uitgegraven."

Hein van Houten mei in stik hout op Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Al rap docht bliken dat it net om ien balkje giet. Van Houten hellet fjouwer grutte planken nei boppen. It liket op de bûtenkant fan in skip. Yn de balken sitten houten ferbiningspunten, dy't mooglik oan oare balken fêst sitten ha.

Hert oerstjoer

"Deze manier van balken verbinden werd tot een paar honderd jaar geleden gebruikt. Later ging met over op bronzen verbindingstukken, daardoor sloeg mijn hart op hol. Deze vondst doe je maar één keer in je leven."

Skipswrakken op Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Van Houten wennet al syn hiele libben op it eilân, mar hat dit noch nea earder meimakke. "Ik vind het zo bijzonder. Maar het is niet alleen de vondst zelf, het is ook de plek ervan. We staan midden op de Vliehors. Normaal vind je zoiets aan de rand van de kust, maar niet te midden van deze zandplaat."

De natuerfotograaf tink sels dat it komt om't de Vliehorst eartiids folle leger wie as no. Op dy manier koene de skippen der noch farre.

De kommende dagen giet Van Houten op syk nei mear wrakstikken. Hy wol dan in professional sykje dy't ûndersykje kin om watfoar tiid it krekt giet.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op de Vliehors

(Advertinsje)
(Advertinsje)