Van der Poel en Dumoulin ride etappekoers yn Fryslân

10 aug 2021 - 17:00

By de Benelux Tour, dy't ein augustus begjint yn Surhústerfean, komme ûnder oare Mathieu van der Poel en Tom Dumoulin oan de start. Oare bekende nammen binne de Belgen Greg Van Avermaet, Tiesj Benoot en Philippe Gilbert en de Denen Mads Pedersen en Jakob Fuglsang.

Mathieu van der Poel mei de giele trui yn de Tour de France - Foto: Orange Pictures

De earste etappe fan de Benelux Tour - foarhinne de BinckBank Tour - giet op 30 augustus fan Surhústerfean nei Dokkum. It peloton giet ek troch de gemeenten Tytsjerksteradiel en Dantumadiel. De measte fytsers ride de etappekoers as tarieding op it WK, ein septimber yn Flaanderen.

De Benelux Tour einiget op 5 septimber yn it Belgyske Geraardsbergen. De foarige edysje waard wûn troch Mathieu van der Poel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)