78 nije coronabesmettingen, ien nij stjergefal

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 78 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne fiif mear as moandei. Doe gie it om 73 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 78 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed op 76, in wike lyn op 89.
De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Ljouwert (15). Dêrnei komme Súdwest-Fryslan (12) en De Fryske Marren (11).
Fiif gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om Dantumadiel en de fjouwer eilângemeenten.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Ien stjergefal, gjin sikehûsopnamen

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om in ynwenner fan de gemeente Hearrenfean. Der binne gjin Friezen mei it coronafirus yn de sikehuzen opnaam.

13 pasjinten, 6 op de ic

Op dit stuit lizze der trettjin pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen, dat hat it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland bekend makke. It binne der fjouwer minder as moandei. Sân pasjinten lizze op de intensive care, seis op oare ôfdielingen.
It tal besette bêden yn de Fryske sikehuzen (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.204. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.578 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.