Gerjochtshôf Ljouwert: telefoan mei op 'e skoat by automobilist

10 aug 2021 - 15:11

In automobilist dy't yn Drachten in bekeuring krige foar it fêsthâlden fan in mobile telefoan by it riden, hoecht de boete fan 240 euro net te beteljen. Yn heger berop sei er dat de telefoan op 'e skoat lei. It Ljouwerter gerjochtshôf fynt dat er de boete dêrom net hoecht te beteljen.

Foto: ANP

De kantonrjochter fan de rjochtbank sei yn novimber dat in telefoan op de skoat falt ûnder it begryp 'fêsthâlden'. De automobilist wie it dêr net mei iens en gong yn heger berop.

It gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert, dat yn heger berop lichte ferkearsoertrêdingen behannelet, makke tiisdei bekend dat de automobilist gelyk hat. Yn de saak kin net fêststeld wurde dat de telefoan fêstholden is by it riden, seit it hôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)