Wat is der bard mei it Fryske skipswrak by Flevolân?

Joran Smale fan erfgoedpark Batavialand wol efterhelje wat der bard is mei it skipswrak dat by Flevolân fûn is, en dat nei alle gedachten Frysk is. De skippersfamylje fan it skip komt út Snits, sa tinke de ûndersikers, en dêroer wolle se mear witte.
Yn de modder fan Flevolân lizze hiel wat skipswrakken, mar der wie ien dy't it each luts fan konservator Joran Smale. Dat wie in skipswrak dêr't ferskate objekten yn sieten, lykas in tabaksdoaze en Fryske earizers. Op de objekten stiene de inisjalen fan Johannes Cornelis de Jong: de letters ADJ en HDJ binne werom te finen op de foarwerpen.

Famylje út Snits

Smale tinkt dat dizze Fryske earizers fan de dochters fan Johannes Cornelis de Jong wiene. Hy kaam derefter dat it skip fan in Fryske famylje wie. "Ze komen vermoedelijk uit Sneek. We kunnen ook zien dat die dochters later op verschillende plekken weer hertrouwden", wit Smale. "Dat was ook wel interessant. Ze zijn niet allemaal tegelijk in een scheepsramp op de golven verdwenen. Dus wat is er dan wel gebeurd met het schip?"

Wat is der bard mei it skip?

Dat is wat Smale witte wol. "Eigenlijk hebben we het schip zelf nog niet in de bronnen teruggevonden. Wat we wel hebben teruggevonden is een contract uit 1827, waarin diezelfde schipper een nieuw schuitje huurt. Maar die afmetingen daarvan kloppen niet met wat de archeologen in 1957 in de bodem hebben gevonden", seit er.
We zijn benieuwd of mensen ons verder kunnen helpen met de vraag wat er met het schip is gebeurd, en of er nog een naam van het schip is te achterhalen.
Joran Smale fan Batavialand
"Nu bestaat het vermoeden dat het schip misschien wel in 1826, 1827 is vergaan, dat ze gered zijn of überhaupt niet aan boord waren. Dat kan ook: dat het schip losgeslagen was, en dat dat dus de reden was dat ze een nieuw schip nodig hadden."

Ferhalen, lokale boarnen of famyljeskiednissen

De ûndersikers koene gjin fermeldings dêroer fine yn âlde boarnen, ek net yn krante-argiven. Dêrom siket Smale no minsken dy't hjir mear oer witte. "We zijn benieuwd of mensen ons verder kunnen helpen met de vraag wat er met het schip is gebeurd en of er nog een naam van het schip is te achterhalen."
Smale hopet dat der immen is mei kennis oer skippen, of minsken út de omjouwing fan Snits, dy't ferhalen of lokale boarne kinne, of wat witte fan famyljeskiednissen. Smale: "En dan gaan we er wat van maken, dan kunnen we misschien een leuke tentoonstelling gaan verzinnen."
De oprop fan Joran Smale fan Batavialand