Bernespulwike Ljouwert giet wer net troch; organisaasje betinkt alternatyf

10 aug 2021 - 13:42

De bernespulwike fan Ljouwert giet dit jier wer net troch. Ferline jier waard it fakânsje-evenemint foar bern ek al skrast. De organisaasje hat krekt as doe wol in alternatyf betocht. Der binne twa dagen mei sport- en spulaktiviteiten opset, yn de lêste wike fan de skoalfakânsje.

Bern dwaande mei in timmerdoarp (net de bernespulwike út it artikel) - Foto: ANP Foto

De aktiviteiten binne foar bern tusken de seis en de tolve jier. Yn tsjinstelling ta de normale gong fan saken moast dy no yn it foar opjaan. Der wurde gjin kaarten ferkocht fia winkels of oan de kassa.

Bern moatte troch har âlders brocht wurde, sadat dy fertelle kinne oft de bern sûn binne of net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)