Friezen fytsten minder yn 2020, mar wol faker foar de aardichheid

10 aug 2021 - 13:14

Friezen hawwe yn 2020 minder kilometers op 'e fyts makke as yn it jier derfoar. Dat docht bliken út in analyze fan CBS-sifers troch BOVAG. Yn trochsneed fytsten Friezen 950 kilometer de persoan. Yn hiel Nederlân leit it trochsneed op 966 kilometer.

Foto: Omrop Fryslân

Yn 2019 wie it Fryske trochsneed noch 1.008 kilometer. Dat it tal fytskilometers omleech gien is, hat foar in grut part te krijen mei de coronakrisis. De fyts waard bygelyks tsien persint minder brûkt foar wen-wurkkilometers. Dat gie fan 174 kilometer de persoan nei 157 kilometer.

Friezen stapten ek minder faak op de fyts om op skoalle, by de opfang, by útgeansgelegenheden of de sportferiening te kommen.

Rekreatyf

It rekreative fytsgebrûk gie mei achttjin persint omheech nei 234 kilometer. Nettsjinsteande it hegere tal bongelet Fryslân ûnderoan yn fergeliking mei de oare provinsjes. Allinnich yn Limboarch (231 kilometer) en Utrecht (219 kilometer) wurde minder rekreative kilometers fytst.

Trefwurden: 
fytsen Bovag
(Advertinsje)
(Advertinsje)