GGD Fryslân set yn op foarljochting oer faksinaasje op skoallen

10 aug 2021 - 12:13

De GGD Fryslân rjochtet him yn de corona-faksinaasjekampanje de kommende tiid ekstra op bern tusken de 12 en 17 jier. Dy kinne har sûnt goed in moanne ek ynintsje litte, mar noch net in hiel soad bern ha dat dien. De GGD docht dat yn oerlis mei de skoallen.

By in faksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

De GGD wol de bern foaral foarljochtsje oer it nut fan faksinearjen. "We proberen de leerlingen de juiste informatie te verschaffen zodat ze zelf een juiste beslissing kunnen nemen of ze zich wel of niet laten vaccineren", seit Jeanette Provoost fan de GGD Fryslân.

En as skoallen it wolle, dan soe de spesjale faksinaasjebus ek delkomme kinne. "Maar waar we een beetje huiverig voor zijn is om op die manier een dwang uit te oefenen dat die jongeren zich laten vaccineren. Het moet wel heel duidelijk een vrijwillige keuze zijn van de jongeren en hun ouders", seit Provoost.

Arbeidsmigranten

De GGD makke moandei al bekend ek in kampanje op te setten foar de arbeidsmigranten. "Omdat die doelgroep minder makkelijk bereikt wordt via de reguliere kanalen. Het zijn uiteraard buitenlanders die niet altijd het Nederlands voldoende machtig zijn. Dus daar moet je ook informatie verstrekken in de andere talen."

"We proberen deze mensen te bereiken via de uitzendbureaus die de arbeidsmigranten in Nederland tewerk stellen", seit Provoost.

Yn totaal is no ûngefear 75 persint fan de Friezen faksinearre. De GGD stribbet nei in faksinaasjegraad fan 85 persint. "En bij de jongere groep, omdat we weten dat de vaccinatiebereidheid daar wat lager is, streven we naar 75 procent."

Jeanette Provoost fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)