Fuotballer Michel Vlap komt op hierbasis werom yn earedifyzje

Michel Vlap spilet dit seizoen op hierbasis by FC Twente. De klup út Enschede kaam tiisdei ta in akkoart mei Anderlecht oer de hieroerienkomst fan de 24-jierrige Snitser.
Michel Vlap yn de tarieding mei Anderlecht © Orange Pictures
Vlap is bliid dat hy wer yn de earedifyzje spylje mei. "Een paar jaar geleden heeft FC Twente in een gesprek al een goede indruk op mij gemaakt. Ron Jans is een ervaren trainer die het beste uit mij en het team kan halen. Hopelijk kan ik belangrijk zijn met goals en assists", seit de fuotballer.
Vlap debutearre yn 2016 foar SC Hearrenfean, dêr't hy ek de jeugdoplieding trochrûn. Yn 2019 ferruile er de Fryske klup foar Anderlecht, dat him yn de winter fan 2021 foar de rest fan it seizoen ferhierde oan Arminia Bielefeld.