Simmerblog: Simmer yn Sleat

10 aug 2021 - 18:11

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Dizze wike hie oars de IFKS-silerij west, mei hjoed de wedstriid by Sleat. Dat giet net troch, mar dêrom binne wy hjoed wol yn Sleat.

18:07
Oant tongersdei!

We binne oan de ein kaam fan dit simmerblog oer Sleat. Moarn is de Freule, tongersdei binne we yn Hylpen. Oant dan!

18:03
Sa seach it der allegear út
17:26
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar slút ôf by De Mallemok

Yn de âlde stedspleats fan Smokehouse & Grill De Mallemok slute we de dei ôf. Ferslachjouwer Arjen Bosselaar sjocht syn eagen út op de âlde bynten, de moaie skilderingen en tegels. "Daar zijn we heel trots op", seit eigener Martrude de Bruijn.

Koartlyn is de pleats ferboud. "Het hoort ook bij Sloten, en bij Sloten hoort geen oude boerderij, ook binnen niet. We hebben met de verbouwing ermee rekening gehouden dat het terugkomt."

Martrude de Bruijn fan de Mallemok yn Sleat - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Paula van der Burg van Stichting Vrienden van Sloot leit út dat se graach wolle dat it stedsje yn âlde steat bliuwt. "Dan kunnen ze bij ons een tegemoetkomende subsidie krijgen in de verbouwingen." Dat jildt foar grutte én lytse projekten, fertelt Van der Burg. Sa bliuwt it karakteristike fan Sleat behâlden.

Martrude fan De Mallemok en Paula van der Burg

16:49
Nije apparteminten

Der stiet no noch in âlde blikken loads, dy't al sa'n 10 jier leech stiet. CDA-riedslid Roel Roelevink fertelt dat de stichting Vrienden van Sloten fan plan is om it flink op te knappen, tegearre mei it Van der Wal-fûns. Dan soene der 2 apparteminten foar jongerein yn komme.

"Dat soe prachtich wêze, der is al 20 jier gjin wente boud yn Sleat", seit riedslid Roelevink. Dêrfoar is jild kommen út de gemeente wei, mar ienfâldich gie dat net. Mei 35.000 euro moatte de apparteminten der no komme.

Roel Roelevink oer de plannen foar nije wenten foar jongerein

16:02
De 'toverlantearns' fan museum Sleat

Op de souderetaazje fan it museum fan Sleat stiet in bysûndere kolleksje: it binne 'toverlantearns', dy't eartiids by inoar sammele binne troch Peter Bonnet. "Eartiids wie it hiel ienfâldich", seit frijwillichster Ackelyn Stapensea. "It wie in lins mei in plaatsje derefter, in ljochtboarne, en dan koene je it plaatsje projektearje op in wite eftergrûn."

De toverlantearns waarden om 1900 hinne brûkt yn it ûnderwiis, en sels troch de tsjerke op skoallen.

"It is in kolleksje dêr't wy as museum hartstikke wiis mei binne", seit Stapensea. "Op it stuit binne wy drok dwaande mei in nije fêste presintaasje. We sille ek de toverlantearn brûke om de skiednis fan Sleat sjen te litten."

Ackelyn Stapensea oer de toverlantearns fan it museum

15:18
De 'fûgelgedichten' en -tekeningen fan Eppie Dam en Lienke Boot

Tekener Lienke Boot en har partner skriuwer Eppie Dam wenje bûten Sleat, mar it is no foar it earst dat se in tentoanstelling hawwe yn it museum. "Wy wiene hiel fereare dat se ús fregen", seit Lienke.

De eksposysje giet oer harren boekje Tsjilp!, in boekje mei 25 'fûgelgedichten'.

It boekje kaam út yn it Frysk en yn it Nederlânsk, mar foar de toeristen yn it museum binne se benammen yn it Nederlânsk.

Lienke Boot oer it meitsjen fan de linosnedes

14:38
De flagge hinget út foar Omrop Fryslân
14:05
De mûnder én Stedsheks fan Sleat

Tanja Kombrink is de mûnder fan Sleat. Yn dizze iuwenâlde mûne út 1755 mealje se tarwe, dêr't bygelyks blom fan makke wurdt.

Mar Kombrink is ek noch wat oars: se neamt harsels de Stedsheks fan Sleat. "Toen ik begon met de opleiding voor molenaar deed ik ook de opleiding Kruidengeneeskunde. Mijn collega's hier op de molen noemden me een beetje gekscherend de stadsheks. Ik dacht: dat vind ik zo'n geweldige naam, die wil ik erin houden."

Mar it is mear as allinnich in bynamme. Tanja Kombrink ferkeapet ferskate krûden, lykas Skuorwoartel-salve. "Het is een prachtige plant, die groeit overal langs de waterkant", seit de 'Stedsheks'. De salve dy't se hjirfan makket helpt tsjin blauwe plakken. En wat te tinken fan de Goudsjeblom-salve? "Het geneest de huid heel snel."

Tanja Kombrink oer har twa bysûndere banen: se is mûnder én Stedsheks

12:56
It G. van der Wal-plein is wer 'up to date'

Der stiet no in moaie alvestêdefontein. Nije bankjes, in romtlike útstrieling: sûnt in jier is it G. G. van der Wal-plein wer hielendal 'up to date'. Dat wie in pear jier noch hiel oars.

"It wie in soarte fan sitkûle, yn jierren '60, '70 styl", seit Conrad Leegstra. No lizze der moderne stiennen op it plein: de 'smarties', sa neame de Sleaters dizze stiennen.

It wie net ienfâldich om it safier te krijen, seit Leegstra. De finansiering kaam fan de gemeente, dy hie dêrom ek in protte oer it plein te sizzen.

"We binne bliid mei hoe't it plein der by leit. It docht rjocht oan de fontein, mar der binne guon dingen dy't wy wol oars sjen woene." Leegstra tinkt dan bygelyks oan de no al ferneamde 'smarties' dy't op it plein lizze. Mar, in 'gegeven paard moet je niet in de bek kijken', fine se ek hjir yn Sleat. "Ek dit hat wol wat: it hat in modernere útstrieling no, dat is ek moai."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar op it G. G. van der Wal-plein

12:23
Simmer yn Fryslân, mar Rein yn Sleat…
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
11:09
De jildsjitter fan Sleat

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar is hjoed jierdei. Mar hy is net de iennichste: by famylje De Graaf yn Sleat hingje ek de slingers en stiet de taart op tafel, want menear De Graaf wurdt hjoed 90 jier.

By de famylje De Graaf sit ek Jaap Vlessing, bestjoerslid fan de Van der Wal-stichting. Dizze stichting is der fan 1944 ôf, sûnt it ferstjerren fan de rike Van der Wal.

"Hij had een aantal boerderijen met iets van 250 hectare land, aan de stad Sloten vermaakt. Met opdracht om het geld dat uit de boerderijen kwam, te besteden ten behoeve van de stad", seit Vlessing.

Dan giet it bygelyks om subsydzje foar it museum, sportferienings of de ferljochting fan Sleat. Jonges en famkes kinne boppedat in stúdzjebeurs krije, om yn Wageningen te studearjen.

Mar Van der Wal kaam ek mei jild foar in rêsthûs, dêr't minsken noch altiten fergees wenje kinne. Yn it begjin krigen de bewenners 6 gûne de wike oan bûsjild. Vlessing: "Dat geld moesten ze wel weer besteden bij de winkels in Sloten."

Roely de Graaf en har man wenje yn it rêsthûs: "It is prachtich wenjen", seit se tefreden.

Jaap Vlessing oer de Van der Wal-stichting en de bewenners fan it rêsthûs

10:12
Knalle mei it kanon fan Sleat

Mei it kanon fan Sleat wurdt noch altiten sketten. "Yn de simmer sjitte we elke freed om acht oere de kanonnen ôf yn Sleat", fertelt Theo Vis fan de Stadsschutterij.

Op dy jûnen stiet it by it kanon ek fol mei minsken. Vis leit út hoe't it krekt wurket mei it sijtten: "We meitsje earst it kanon skjin, dan wurdt de lont ynbrocht en it krûd ynbrocht. Dêrnei wurdt it kanon stoppe mei hea, en dan fjoer derby. Dan hawwe wy in grutte knal."

Theo Vis en Johanna Brinkman ha der spesjaal in moai kostúm foar oan: as kamen se sa út de 16e iuw. Se krije boppedat help fan de manskippen mei harren mobile kanonnen. Dêr sille se sa mei sjitte. Net mei in echte kûgel, mar mei in grutte proppe hea, leit Vis út: dat is wol sa feilich.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by it kanon

9:31
De gastfrijheid fan Sleat

Ferslachjouwer Johanna Brinkman stiet yn it sintrum by Sleat: ticht by it museum, it âlde stedhûs en de tsjerke. "Do sjochst in prachtich beskerme stedsgesicht fan 1972, dat hat brocht dat Sleat histoarysk weardefol en hiel karakteristyk bleaun is", seit ynwenner Henk Brouwer entûsjast. "It is ús taak, en dêr binne ferskate stichtingsbestjoeren foar om dat oerein te hâlden."

Mar it hat ek in oare kant, fertelt er. Troch it beskerme stedsgesicht kinne minsken net samar mei de stêd de auto yn, en in skûtel op it dak kin bygelyks ek net.

Henk Brouwer oer Sleat - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

"We binne mei-inoar bysûnder belutsen", fertelt Brouwer."En wat hiel wichtich is: wy wolle graach gastfrij wêze. Do sjochst al dy terrassen: dy binne alle dagen oant de lêste tafel beset."

Boppedat: de doaren fan de monumintale tsjerke steane alle dagen iepen. "It is in Ryksmonumint. Dat is sa weardefol", seit Brouwer oer de tsjerke.

"Sleat is bysûnder yn de sin fan dat it kompakt is, it jout minsken de gelegenheid om efkes rûn te stappen en efkes op it terras te sitten, en dêrmei efkes sfear te priuwen fan dizze prachtige stêd."

Henk Brouwer oer it bysûndere sintrum fan Sleat

9:00
Goeiemoarn!

Goeiemoarn! It is de fiifde wike fan Simmer yn Fryslân. Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Dizze wike hie oars de IFKS-silerij west. Dêrom binne we hjoed yn Sleat.

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Juster wiene we yn Heech. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)