Kampanje om minsken werom te heljen nei de sport: "Ferieningslibben is de basis"

10 aug 2021 - 07:14

Om sportferienings yn Fryslân oan mear leden te helpen, organisearret Sport Fryslân yn septimber 'De Wike fan Werom Komme en Mei Dwaan'. Doel is dat sportferienings yn dizze wike aktiviteiten organisearje om minsken waarm te krijen foar har sport.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Sport Fryslân besiket de kommende tiid mei in kampanje sportferienings sa fier te krijen dat se meidogge, sa nedich wol de organisaasje har dêr ek by helpe.

"Wat we yn elk gefal dogge is in plak biede om al dy aktiviteiten sichtber te meitsjen.", seit Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân. "It is ek saak dat ús buertsportcoaches yn de provinsje de ferieningen helpe om moaie aktiviteiten de organisearjen."

"It ferieningslibben is de basis fan ús libben yn de doarpen. Dat moatte we wer op ien sette. Wat is der no moaier as op te groeien by de sportferieningen en de kultuerferieningen. Dat wolle we graach behâlde", seit De Vries.

Jeugdleden

Troch de coronakrisis binne in protte sportferienings leden kwyt rekke. "It is lestich om te sizzen om hoefolle oft it giet. Mar de klap is benammen hiel grut by de jeugdleden."

De wike wurdt hâlden fan 17 oant en mei 26 septimber.

Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân oer 'De Wike fan Werom Komme en Mei Dwaan'

(Advertinsje)
(Advertinsje)