Wetterskip oan formearjende partijen: jou jild foar oanpak klimaatferoaring

09 aug 2021 - 21:53

It spikerhurde en alarmearjende rapport fan it VN-klimaatpanel IPCC is in befêstiging fan wêr't dykgraaf Luzette Kroon benaud foar wie. "Je hoopt dat het minder extreem is, maar de conclusies zijn duidelijk: de weersveranderingen zijn extreem en dat is een gevolg van de klimaatveranderingen."

De ôfrûne moannen wie der yn Fryslân geregeld wetteroerlêst, ien fan de gefolgen fan de klimaatferoaring - Foto: Noordernieuws

Wetterskip Fryslân hie al ôfspraken makke mei de provinsje om wetter en boaiem wichtiger te meitsjen yn it belied. Dy moatte no nei foaren helle wurde, al wol Kroon earst it KNMI ôfwachtsje. "Zij maken een vertaling van het rapport voor Nederland. Daar gaan wij als waterschappen weer mee aan de slag."

Dat wurdt op syn betiidst yn it neijier. "Dan gaan we kijken in hoeverre ons dat noodzaakt om investeringen naar voren te halen. We houden er rekening mee dat dat moet gaan gebeuren."

De bêste oplossing om klimaatferoaring sa bot mooglik tsjin te gean is om de CO2-útstjit werom te bringen. Foar de gefolgen dy't net mear tsjin te hâlden binne, binne der oare maatregels nedich.

Wetter fêsthâlde en diken fersterkje

Ien ynstrumint om om te gean mei ekstreem waar is om it wetter mear fêst te hâlden. Earder wie it belied om it reinwetter sa gau mooglik kwyt te reitsjen. "Maar water vasthouden geeft mogelijkheden, omdat je het in drogere periodes misschien weer nodig hebt."

Dykgraaf Luzette Kroon - Foto: Wetterskip Fryslân

Der wurdt ek opnij sjoen nei de diken om de provinsje hinne. "Bij Koehool tot het Lauwersmeer zijn we druk bezig om te kijken hoe we de dijk toekomstbestendig kunnen neerzetten. Niet alleen met het oog op de komende vijftig jaar. Ook daarna moet het aan te passen zijn aan de omstandigheden."

Foar de maatregels dogge de wetterskippen ek in oprop oan de partijen dy't mei de kabinetsformaasje dwaande binne. "We vragen de Rijksoverheid om er rekening mee te houden." It Ryk soe mei jild komme moatte. "We verwachten dat het Rijk zijn verantwoordelijk hierin gaat nemen."

Heech wetter yn de simmer yn Noardeast-Fryslân - Foto: Arjan van der Veen

De feroarings betsjutte mooglik ek dat stikken lân in oare funksje krije. Kroon wol har dêr noch net te bot oan brâne. "We moeten erover nadenken. Dat doen we niet alleen, maar samen met onze agrarische organisaties. Als we zien dat het qua waterbeheer bijna niet meer mogelijk is om bepaalde gebieden in de toekomst voor de landbouw te gebruiken, dan moeten we ook perspectieven bieden van wat wel kan."

Tariede op oerlêst, want dy komt

Mar we moatte allegear begripe dat we yn Fryslân yn in delta libje, seit de dykgraaf. "Een eeuw geleden waren mensen zich veel meer bewust van het leven met water. Wij zijn nu verrast op het moment dat we overlast krijgen. Maar daar moeten we als inwoners rekening mee houden, want er komt overlast. Daar moeten we ons op voorbereiden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)