Stimmen út de muorren moatte Frjentsjerter skiednis ta libben bringe

09 aug 2021 - 21:26

Wa kin it ferhaal fan it stedhûs fan Frjentsjer no better fertelle as de boargemaster dy't by de bou wie? En wa wit better hoe it wie om te libjen mei Eise Eisinga, as syn eigen frou sels? Om de skiednis yn de stêd oantrekliker te meitsjen foar toeristen is in nije audiotour: Stimmen út de muorren.

Josse Pietersma by in QR-koade foar stimmen út de muorren - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Beste Franekers! Geliefde medeburgers! Té lang hebben wij ons tevreden moeten stellen met een té bescheiden onderkomen voor ons stadsbestuur! Maar vanaf vandaag niet meer! Wij zijn een universiteitsstad! Een bestuurscentrum! En dáárom verdient Franeker een stadhuis van de hoogste statuur!"

Sa begjint boargemaster Pieter Ens yn 1592 syn ferhaal oer de bou fan it stedhûs. It is fansels net de echte Pieter Ens, mar syn ferhaal is ynsprutsen troch Josse Pietersma, ien fan de meiwurkers oan it projekt.

De sticker mei in QR-koade hinget oan de muorre fan stedhûs. "As je dêr de kamera fan de telefoan byhâlde, dan komme je op in website. Dêr stiet it fragmint mei Ens", leit Pietersma út. "Sa wolle wy de skiednis by de minsken bringe. Dat sy foar efkes yn de tiid sels libje."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort docht de audiotour

Der binne 54 punten yn de hiele stêd dy't in QR-koade ha. Ien dêrfan is it Geuzegat, in tunnel oan de râne fan Frjentsjer. Dêr docht de poartewachter Ruurd syn ferhaal:

"Hè, wat!? Oh, dit gangetje hier! Ja dat noemen ze het 'Geuzengat'. En er zijn inderdaad onverstanden die beweren dat dit een geheime gang was waardoor de Geuzen stiekem de stad in en uit konden sluipen. Maar zeg nou zelf! Wat is er in de goedigheid geheim aan zo'n gat in het bolwerk!? Zoiets zie je toch al van kilometers afstand!? Néé! Neem nou maar van mij aan dat dit gewoon een gangetje is voor mensen die een stukje land aan de overkant van het water hebben. Dan kun je gemakkelijk even op en neer."

"Dit is dus ek sa'n foarbyld fan de skiednis", seit Pietersma. "Ruurd leit út wêrom't dy poarte en dy tunnel der binne. Je kinne dat op in buordsje derby hingje, mar op dizze manier sit der folle mear libben yn. Hooplik kinne wy minsken entûsjast meitsje foar it ferhaal fan Frjentsjer."

De audiotour Stimmen út de muorre is sûnt koart klear. Toeristen kinne dy fan no ôf oan folgje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)