Bûtenswimbaden ha lêst fan min waar: "Normaal 700 mensen op een dag, nu tien"

09 aug 2021 - 19:41

Rein, min waar en lege temperatueren: it waar is fier fan moai foar dizze tiid fan it jier. It is noch net lekker waar om in dûk yn it bûtenswimbad te nimmen. Dat sjogge de swimbaden ek oan de sifers.

Safolle besikers as yn gewoane jierren slagget dit jier nei alle gedachten net:

Yn bûtenswimbad Haulewelle yn Haulerwyk is it rêstich. Dat is dit jier gjin útsûndering, fertelt badmaster Christine Beggel. "Als het een mooie dag is, hebben we zomaar 700 man. Met dit weer zit je net aan 10 kinderen."

Op in moaie simmerdei leit it swimbad fol mei bern en sitte de âlders op it terras. Mar mei rein en min waar geane minsken net lekker in dei nei in bûtenbad. "Ik denk dat de zomer overgeslagen wordt", seit Beggel. "Het blijft constant rond de 18 graden. Dan weer regen en onweer."

Noch lang gjin 30.000

It swimbad organisearret wol spesjale aktiviteiten om dochs wat minsken te lûken. Mar de 30.000 dêr't se gewoane jierren op rekkenje koene, rêde se no net. "We zitten nu op 15.000 bezoekers en de zomerperiode is bijna voorbij. Dus we zijn nog lang niet bij de 30.000."

Dochs bliuwe se posityf. "Je weet niet wat er komt, misschien hebben we in september nog een hittegolf."

Als je in het water bent ben je toch al nat, dus dan maakt het niets meer uit.

Reinwetter jout neat, sizze se yn Haulerwyk

It bad giet yn alle gefallen net ticht om de rein en min waar. "Je kunt je erop kleden. Als het regent zet je de paraplu maar op. Als je in het water bent ben je toch al nat, dus dan maakt het niets meer uit."

Minder rekreative swimmers

Yn it iepenloftswimbad yn Hallum is it ek rêstich. "We ha benammen minder rekreative swimmers, ús eigen minsken bliuwe echt wol kommen", fertelt Jantine Kuiken van zwembad De Sawn Stjerren in Hallum.

Der is wol in grut ferskil mei ferline jier. Der binne mear minsken dy't baantsjes lûke yn it bad. Dat komt ûnder oare troch de coronamaatregels.

Graach tûzen yn 'e wike

It waar is fan grutte ynfloed op it bûtenswimmen, seit ek Kuiken. "We ha noch net echt waarme dagen hân wêrop't we echt in hiel soad besikers hienen. We komme hieltyd oan de 400 besikers yn de wike. As we tûzen besikers yn 'e wike ha, dan binne we echt bliid."

(Advertinsje)
(Advertinsje)