Brânwacht foarkomt boatûngelok mei akku's yn Ychtenbrêge

09 aug 2021 - 19:21

De brânwacht fan Ychten hat op it lêste stuit in nij ûngelok op in boat foarkomme kind. Twa akku's op in boat yn Ychtenbrêge hienen sa'n hege temperatuer dat de situaasje libbensgefaarlik wie.

De twa ferhitte akku's - Foto: Facebook Brandweer Echten

De brânwacht krige in melding fan in rare lucht op in hierboat yn jachthaven De Meerkoet. De opfarrenden rûkten in lucht fan rotte aaien en sochten dêrom kontakt mei de brânwacht. Se fielden har ek beroerd.

"Bij aankomst van ons werden onze vermoedens bevestigd dat er accu's aan het gassen waren onderin het schip", meldt de brânwacht. Ien akku wie 97 graden selsius, de oar waarmer as 80.

It hie oars ôfrinne kind, seit de brânwacht, mei it ynsidint yn Boalsert yn de achterholle. Dêr kamen earder dit jier twa minsken om it libben troch giftige akkudampen.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma leit út wat der sa gefaarlik is oan in akku:

It wie net de iennige gefaarlike situaasje mei in boat moandei. Letter op de dei stie in skip yn de brân op it eilân Marchjepôle yn de Tsjûkemar. Ien persoan moast nei it sikehûs.

De brânwacht ûnderweis nei in skip oan de Marchjepôle - Foto: Facebook Brandweer Echten
Trefwurden: 
boat Ychtenbrêge akku Ychten
(Advertinsje)
(Advertinsje)