Minder oanfier by Visafslag Lauwersoog: “Heeft te maken met het koude weer”

It is meastentiids fêste prik oan it begjin fan 'e wike: de fiskfeiling by Visafslag Lauwersoog. Dizze moandei wurde ek wer in soad kilo's tarbot, skol en kabbeljau ferkocht oan gruthannels en restauranteigeners. Mar der wurdt oant no ta wol minder fisk oanfierd as yn ôfrûne jierren.
It kâlde waar is min foar de fangst en de fraach is ek leger:
"Dat heeft te maken met het koude weer wat we van het voorjaar hadden", fertelt Barara Holierhoek. Sy is sûnt begjin dit jier direkteur fan Visafslag Lauwersoog.
"De noordenwind en oostenwind, dat is allemaal slecht voor de visvangst. De vraag was een tijd ook wat lager, vanwege de sluiting van de horeca. Inmiddels trekt het wel weer wat aan, maar de prijzen blijven nog wel een beetje achter."

Feiling hieltyd faker digitaal

In hiel soad fisk wurdt tsjintwurdich mei kontrakten ferkocht oan gruthannels. Mar ek op de feiling giet moandeitemoarn hiel wat fisk oer de toanbank. Guon keapers sitte noch fysyk yn de saneamde mynseal yn Lauwerseach, mar in hieltyd gruttere groep docht digitaal mei.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Hoe't de takomst fan de sektor derút sjocht, is noch ûnwis. Holierhoek: "We hebben een uitkoopregeling in de Waddenzee; daar verdwijnen negentien schepen. En er gaan gebieden dicht, er komen windmolenparken."
De druk op de fiskers wurdt hieltyd grutter, seit Holierhoek. "Ik denk, al met al, dat wij als noordelijke visafslag de komende jaren nog wel wat meer aanvoer krijgen, maar op de lange termijn zal de hele Nederlandse vloot kleiner worden."