Ljepperij Drylts opnij skrast: sânbêd stie blank

It fierljeppen yn Drylts giet moandeitejûn opnij net troch. Fan it wykein waard de wedstriid yn de earste klasse stil lein fanwege de rein. Moandeitejûn wie it earst wol drûch, mar omdat it sânbêd fol mei wetter stien hat, kin der dochs net ljept wurde.
It sânbêd en de skânsen yn Drylts © Fierljepferiening Drylts e.o.
Drylts waard moandeitemiddei troffen troch in wolkbrek. It wetter yn it sânbêd, it plak dêr't de ljeppers delkomme, is lang lizzen bleaun. It slagget de organisaasje net om it wetter út it sânbêd te krijen. Dat wurdt dêrtroch te hurd en dat is net feilich. Dêrom giet der in streek troch de wedstriid.
Kommende woansdei wurdt der wol yn Drylts ljept. Dan yn it ramt fan de Fryslân Cup. De ôfstannen telle dan wol mei as earsteklassewedstriid. Dêrnei is it promoasje-/degradaasjemomint.
It sânbêd en de skânsen yn Drylts © Fierljepferiening Drylts e.o.
Sneon is yn Vlist (Súd-Hollân) de twakamp fan it ljeppen. Dan stride de bêste Fryske en de bêste Hollânske ljeppers tsjin elkoar. Omrop Fryslân is derby en stjoert dy wedstriid fan 14.00 oere ôf live út.