"Keatspublyk is oars as festivalpublyk: Freule is ferantwurde"

09 aug 2021 - 18:54

Yn Wommels binne se drok dwaande mei de lêste tariedings foar De Freule fan kommende woansdei. Dat is de wichtichste keatspartij foar jonges. De tribunes steane al, mar alles deromhinne moat noch ôfmakke wurde. Op it ôfbeakene terrein yn it sintrum wurde 2.500 minsken ferwachte.

It bestjoer fan de Freule hat leard fan de PC ferline wike:

Krekt as yn Frjentsjer by de PC is ek yn Wommels in part fan it doarp oanwiisd as eveneminteterrein. Om dêrop te kommen ha je in tagongskaart en in faksinaasjebewiis of in resinte negative test nedich.

Se hâlde har frij goed oan de regels.

It bestjoer fan de Freule hat sjoen dat it op de PC goed gongen is mei it publyk

It bestjoer fan de Freulepartij hat ek oer de skouders fan de PC-organisaasje meisjoen. Dêr ha se fan leard, seit foarsitter Tjeerd Dijkstra fan de Freulepartij: "We ha leard dat it keatspublyk oars is as festivalpublyk. Se hâlde har frij goed oan de regels. Wy ferwachtsje dat it hjir ek net oars giet."

Dat is ek ien fan de betingsten om de keatspartij trochgean te litten. "Wy ha de gemeente Súdwest-Fryslân de tasizzing dien dat wy hjir soargje foar in goed ôfskerme en feilich gebiet. Dat binne wy ek ferplichte nei ús besikers ta." Om it folsleine terrein hinne wurde stekken set.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De bouploech is no noch dwaande mei it opbouwen fan de hoarekastands en de tinten foar de sponsoaren.

It iennige dat no noch foar problemen soargje kin is it waar. Der is in soad wetter fallen, mar it fjild hâldt it goed, seit Dijkstra: "Der ha wol plassen op stien, mar it rint goed fuort. Der wurdt foar moandei en tiisdei noch reinwetter foarsein, mar dat moat foar woansdei wol fuort wêze. By de opslach kin it problemen jaan, mar dêr ha we sân foar."

Net tefreden oer tal partoeren

Wat spitich is, seit Tjeerd Dijkstra, is it tal partoeren dat meidocht. It binne der dit jier - as alle dielnimmers troch de coronatest komme - 35. "Dat kloppet hielendal en dêr kinne we net tefreden mei wêze. Mar dat we yn dizze coronatiid 35 hawwe is best genôch, want elts partoer is fantastysk."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It probleem leit neffens Dijkstra yn de doarpen. De binne minder bern en de skoallen gean ticht. Dat hat in effekt op it keatsen, sa seit Dijkstra. "Dat kin net misse. De KNKB is der ek al jierren mei dwaande. We moatte sjen hoe't wy in ynfrastruktuer krije sadat it keatsen oerein bliuwt."

Omrop Fryslân is der woansdei by. Op de radio en online fan de earste oant en mei de lêste slach. De telefyzjeregistraasje begjint om 14.00 oere.

Trefwurden: 
keatsen Wommels Freule
(Advertinsje)
(Advertinsje)