Cambuuroanfierder Erik Schouten: "Wij maken ons geen zorgen"

09 aug 2021 - 18:12

Dit wykein begjint de earedifyzje mei twa Fryske klups. Hearrenfean hat in bettere tarieding hân as ferline jier. By Cambuur hie it better kind. Benammen troch in soad coronagefallen wie de tarieding net optimaal.

We prate der yn de SportCast oer mei Cambuuroanfierder Erik Schouten:

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Freed begjint de earedifyzje mei de wedstriid Go Ahead Eagles - SC Hearrenfean. Snein treft Cambuur yn Ljouwert FC Grins.

De tarieding fan Cambuur wie lestich. Technysk direkteur Foeke Booy waard troffen troch in harsenynfarkt en in soad spilers fan Cambuur krigen corona.

Oanfierder Erik Schouten hie ek leaver sjoen dat it oars wie. "Maar we staan daar op zich wel positief in. Wij hadden liever gezien dat er nog heel veel goede spelers bijkomen, maar we maken ons geen zorgen. We zijn er niet blind voor. Alleen proberen we het positief te houden."

Cambuur is der swakker op wurden.

Arjen de Boer

Cambuur moat neffens de Cambuurwatchers op fjouwer plakken noch spilers oanlûke. Twa fleugeloanfallers, in seis en in rjochtsback. Andor Faber: "En miskien ek noch wol in linker sintrale ferdediger, as konkurrint foar Schouten." Schouten: "Nou, dat hoop ik. Dat maakt ons alleen maar beter en vier centrale verdedigers zou wel goed zijn."

Arjen de Boer is kritysk oer it kommend seizoen en benammen it begjin: "Cambuur wit al hiel lang dat se nei de earedifyzje gean. Mar it komt derop del: Cambuur is der swakker op wurden."

Better as ôfrûne seizoen?

Hearrenfean begjint freed yn Deventer. Der is net in hiel soad feroare oan de seleksje. Arjen de Boer: "We ha in dramatysk seizoen hân. Wa seit my dan dat it dit seizoen wol goed giet?" Geert van Tuinen: "Der is ek noch altyd gjin nije spits efter Henk Veerman. Dat fyn ik echt in probleem. It komt der noch net echt út."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)