Helte minder reizgers op Fryske NS-stasjons yn 2020

09 aug 2021 - 16:33

Op de Fryske treinstasjons stapte ferline jier op wurkdagen sawat de helte minder minsken yn de treinen fan de NS as it jier dêrfoar. Dat komt komt neffens de NS troch de coronakrisis.

In NS-trein op it stasjon fan It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fiif Fryske stasjons mei NS-treinen (Akkrum, Grou-Jirnsum, It Hearrenfean, Ljouwert, Wolvegea) hienen ferline jier tusken de 45 prosint en 52 prosint minder reizgers as yn 2019.

Lanlik is de delgong noch wat heger: goed 55 prosint. Op in trochsneed wurkdei wienen der ferline jier sa'n 591.000 reizen, it jier dêrfoar wiene dat noch 1,35 miljoen.

Yn lockdown noch leger

De grutste ôfname yn it tal reizgers sjocht de NS yn de spits. Benammen yn de perioades mei in strange lockdown wienen de reizgersoantallen leech: minder as 15 prosint fan it nivo fan 2019.

Stasjon Schiphol Airport hie de grutste delgong: 70 prosint minder. Dat hat te krijen mei it feit dat der troch it coronafirus ek folle minder flein is. Nei Schiphol Airport komme Tilburg Universiteit (66 prosint minder) en Amsterdam Bijlmer Arena (65 prosint minder).

Reizgers komme werom

Yntusken nimt it tal reizgers wer ta. Begjin july wie mear as de helte fan de treinreizgers werom yn de trein.

Yn- en útstappers op Fryske NS-stasjons

Stasjon Reizgers 2019 Reizgers 2020 Delgong
Akkrum 795 343 45%
Grou-Jirnsum 842 452 46%
It Hearrenfean 6.276 3.088 51%
Ljouwert 9.881 4.704 52%
Wolvegea 1.560 767 51%
(Advertinsje)
(Advertinsje)