Nije supermerk yn plak fan hockeyfjild foar Snits nei útspraak rjochter

09 aug 2021 - 16:30

Nei útspraak fan de Raad van State kin Jumbo Supermarkt úteinsette mei de bou fan in nije supermerk oan de Molenkrite in Snits. It plan betsjut dat sportklups yn de wyk Tinga gjin nij hockeyfjild krije sille.

Jumbo - Foto: Shutterstock / Peter Braakman

De nije supermerk wurdt boud op de gemeentegrûn dy't by it sportpark heart, dêr't besikers no parkearje. It sportpark krijt in nij parkearterrein. De sportklups yn de wyk Tinga wiene it lykwols net iens mei it nije bestimmingsplan. Stichting Tinga, SLTC De Vliegende Bal en de Sneeker Mixed Hockeyclub hawwe op 20 july oan de Raad van State om in skorsing frege.

Tredde hockeyfjild

De sportklups wolle in tredde hockeyfjild, dat needsaaklik is foar it fuortbestean fan de hockeyklup. De Raad van State seit dat de gemeente op de rjochtsitting sein hat dat in tredde fjild der net komme sil. Dêr is gjin jild foar en de ûntsluting fan it sportpark soe nei de útwreiding foar problemen soargje. Oer in pear moanne sil yn Den Haag in boaiemproseduere tsjin it bestimmingsplan plakfine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)