73 nije coronabesmettingen, ien nij stjergefal

09 aug 2021 - 15:21

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 73 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat is ien minder as snein. Doe gie it om 74 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 76 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat trochsneed op 78, in wike lyn op 97.

De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Ljouwert (24). Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (9) en Noardeast-Fryslân (9).

Fiif gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om Harns, Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

1 stjergefal, gjin sikehûsopnamen

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. Der binne gjin Friezen mei it coronafirus yn de sikehuzen opnaam.

17 pasjinten, 7 op de ic

Op dit stuit lizze der 17 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen, dat hat it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland bekend makke. It binne der like folle as ôfrûne freed. Sân fan har lizze op de intensive care en tsien op oare ôfdielingen.

It tal besette bêden yn de Fryske sikehuzen (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.077. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.585 besmettingen by kaam.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)