Stroomlevering no ek probleem yn Drachten en Aldehaske

Op it elektrisiteitsnetwurk yn Fryslân binne twa nije knyppunten ûntstien. It giet om Drachten en Aldehaske. Dêr wurdt op it stuit safolle stroom opwekt dat netbehearder Liander it net kwyt kin op it stroomnet.
In ferdielstasjon fan netwurkbedriuw Alliander © ANP
Dat probleem wurdt hieltyd grutter, omdat hieltyd mear bedriuwen en partikulieren sels stroom opwekke. Yn grutte stikken fan Fryslân spilet it probleem, bygelyks yn en om Ljouwert en It Hearrenfean hinne.
Sa is der yn Ljouwert gjin stroom foar nije skoallen en in nije soarchynstelling. Op It Hearrenfean is der net genôch foar bygelyks in nij suvelbedriuw. Dêr is de ûndernimmersferiening benaud dat bedriuwen aanst net mear komme wolle.
Netbehearder Liander wurket oan de útwreiding fan de kapasiteit op it stroomnet, mar it duorret jierren foardat dat klear is.