Epke Zonderland jout olympyske turnklean kado oan boargemaster Hearrenfean

09 aug 2021 - 13:42

Turner Epke Zonderland hat de klean dêr't er by de Olympyske Spelen yn Tokio yn turne hat, kado dien oan de gemeente Hearrenfean. Zonderland brocht it pak moandeitemoarn by boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean.

Foto: Twitter; @VanEgters

De boargemaster meldt dat er de klean ynliste lit. Dêrnei krije se in eareplak yn it gemeentehûs fan Hearrenfean.

Epke Zonderland sleat yn Tokio syn turnkarriêre ôf mei in oefening op de rekstôk. Trochdat er him de moannen foar de Olympyske Spelen net goed tariede koe, fanwege sûnensproblemen helle er de finale net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)