Waarman Gerrit Hiemstra oer it waar yn Fryslân: "It bliuwt net op dit nivo"

09 aug 2021 - 15:22

De waarsekstremen yn Fryslân sille allinnich noch mar fierder tanimme, warskôget meteorolooch Gerrit Hiemstra fan Balk nei oanlieding fan it nije rapport fan it ynternasjonale klimaatpanel IPCC. Ek de stiging fan de seespegel is net te kearen sûnder drastyske maatregels.

Waarman Gerrit Hiemstra oer it waar yn Fryslân: "It bliuwt net op dit nivo"

Wrâldwiid wurdt der alarm slein oer it klimaat, mar neffens Gerrit Hiemstra hat it feroarjende waar ek in soad ynfloed op Fryslân. "Yn syn algemienheid sille de ûntwikkelingen dy't wy al in tiidsje sjogge trochsette. Minder kjeld yn de winter, hegere temperatueren yn it algemien, en grif yn de simmer", seit de meteorolooch nei oanlieding fan it rapport fan IPCC, dat moandeitemoarn útkaam.

Noch ekstremer

Hiemstra ferwiist nei de oerstreaming yn Limboarch en de swiere reinbuien yn ús eigen provinsje. "It bliuwt net op dit nivo, it wurdt noch ekstremer", seit de waarman. "En dêr sille wy de maatskippij op ynrjochtsje moatte. "

"We binne wend oan it waar dat we kenne, dêr is ús hiele maatskippij op ynrjochte", leit Hiemstra út. "Mar we sille no te meitsjen krije mei waar dat we net kinne. It waar dat we krije sille is foar ús ûnbekend. Dat jildt foar Fryslân mar yn prinsipe foar de hiele wrâld."

Gerrit Hiemstra - Foto: Walter Kallenbach

Wynhoazen en hagelbuien

Hiemstra kin net foarsizze hokker waartype dan mear foarkomme sil. "Je wolle it graach konkreet meitsje, mar dat kin net. Jo kinne heechút wat foarbylden jaan, mar dat binne foarbylden út it ferline", sa seit Hiemstra. "It kin best wêze dat wy yn Fryslân en Nederlân mear te krijen hawwe mei wynhoazen, mei in soarte fan tornado's. Dat soe kinne, mar dat witte we net."

As de buien boppedat noch ekstremer wurde, soe it bygelyks ek hurder hagelje kinne. Hagelstiennen fan sa'n 3, 4 sintimeter soene yn de takomst dan net mear frjemd wêze, seit Hiemstra.

De opjefte is dat wy de útstjit fan broeikasgassen, CO2, metaan en gniisgas sa gau mooglik en op in sa grut mooglike skaal nei nul bringe moatte.

Metereolooch Gerrit Hiemstra oer de opjefte foar beliedsmakkers

Fansels is der noch in saak dêr't Hiemstra omtinken foar hat: de stiging fan de seespegel. Dat is ek foar Fryslân tige bedriigjend.

Reduksje fan broeikasgas

"It is wol sa dat it prosessen binne dy't op lange tiidsskalen wurkje. Se geane no út fan in stiging oan de ein fan dizze iuw fan in meter, mar dêr sit in soad ûnwissens yn", seit Hiemstra. "It wurdt bepaald troch wat der bart oan in iiskap fan Antarktika en ek dy fan Grienlân. Dêr is lang net alles oer bekend, oer hoe't dy reagearje sille op de rappe feroarings fan it klimaat."

Neffens Hiemstra is der in dúdlike opjefte foar beliedsmakkers: "Der is in hiel dúdlike relaasje tusken de temperatuer op de wrâld en de reduksje fan broeikasgas. Dus de opjefte is dat wy de útstjit fan broeikasgassen, co2, metaan, gniisgas, sa gau mooglik en op in sa grut mooglike skaal nei nul bringe moatte. Dus dat betsjut: ophâlde mei it ferbrânen fan fossile brânstoffen."

Gerrit Hiemstra oer it Fryske klimaat yn de takomst

(Advertinsje)
(Advertinsje)