Ikkers mei krûden moatte fûgels yn Fochtelerfean helpe

Natuurmonumenten hat yn it Fochtelerfean spesjale krûde- en faunarike ikkers oanlein. De feriening wol der dêrmei foar soargjen dat de fûgels yn it gebiet genôch te iten hawwe.
De help is hurd nedich, neffens Natuurmonumenten:
Fûgels as bygelyks gielfinken en kraanfûgels kinne sa profitearje fan it rogge en boekweit. "De lânbou yn Nederlân is hiel yntinsyf wurden. Sa yntinsyf dat der foar in hiel soad fûgels eins gjin plak mear is", leit Jacob de Bruin fan Natuurmonumenten út.
"In ljurk hat goed tritich dagen nedich om aaien te lizzen en 'jonkies' te meitsjen. Dy tritich dagen hat er tsjintwurdich net mear, want dan is der al wer in bewurking op it lân. Wy dogge de lânbou op in âlderwetske wize, sadat der ek mear tiid is foar fûgels om harren briedsel klear te krijen", seit De Bruin.
Jacob de Bruin fan Natuurmonumenten © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De perselen helpe net allinnich de fûgels. "In part rispje we en dêr besykje we yn gearwurking mei de streek produkten fan te meitsjen. We wurkje gear mei de boeren yn de omjouwing. Mar we litte ek in part stean, dat is dan eins it iten yn de winter foar fûgels en foar mûzen", seit De Bruin.
It tal fûgels yn it gebiet nimt sûnt de oanlis al ta. "Dat is al bysûnder, want yn Nederlân geane dy soarten hiel hurd efterút."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers yn petear mei Jacob de Bruin fan Natuurmonumenten