GGD Fryslân siket kontakt mei arbeidsmigranten foar faksinaasje

GGD Fryslân siket kontakt mei Fryske bedriuwen en útstjoerburo's dy't arbeidsmigranten yn tsjinst hawwe, sadat se harren faksinearje litte. Neffens de GGD binne de arbeidsmigranten in groep dy't net gau sels in ôfspraak makket.
By in faksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân
No't it grutte publyk foar it grutste part oan bar west hat, is it neffens de GGD no tiid om de kommende tiid 'fijnmazig' te faksinearjen. Se rjochte harren dêrby op groepen wêrfoar't it lestich is om sels in ôfspraak yn te plannen.
Yn oerlis mei organisaasjes dy't belutsen binne by dizze groepen wurde dan ôfspraken op maat makke. Neffens de GGD giet it dan bygelyks om prikken sûnder ôfspraak binnen in tiidslot, ferromme iepeningstiden of ekstra tiid en omtinken foar foarljochting mei in tolk. De GGD ûnderstreket dat in faksinaasje altyd in frijwillige kar is.
Arbeidsmigranten dy't langer as ien moanne yn Nederlân binne komme yn oanmerking foar de faksinaasje.