Simmerblog: Simmer yn Heech

09 aug 2021 - 18:08

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed is Omrop Fryslân yn Heech.

18:08
Oant moarn

We binne oan de ein kaam fan dit simmerblog oer Heech. Moarn binne we yn Sleat. Oant dan!

18:07
17:32
Krûpe yn de drek

Wa't Heech seit, tinkt grif ek oan de drekrace dy't dêr elk jier ein augustus holden wurdt. Bartele Bakker: "It is troch de drek hinne, dwers troch de sleatten hinne."

Sa'n 500 dielnimmers fleane mei de drekrace dwers troch Heech, dwers troch de drek. It parkoers is sa'n 7, 8 kilometer. De dielnimmers, dy't oeral wei komme, moatte ûnderweis hiel wat obstakels oerwinne. "It is ien grut spektakel."

Boppedat: op snein is der ek in drekrace foar bern fan 8 oant 15 jier. Yn it team sitte 2 bern en ien heit of mem. Bakker: "Dat is ien grut sukses."

Bartele Bakker oer de drekrace yn Heech

17:26
De tjotters fan Heech

Yn it boathûs deun by it Sylhûs lizze allegearre skipkes, wêrûnder tsjotters. De skippen binne al 75 jier yn Heech en dat is wichtich, seit Rob van Roesel. "Die zijn altijd voor de zeilschool gebruikt." Dêrnei hat de stichting dizze tsjotters oernaam. "Omdat het schitterend vaart, en omdat iedereen daar toch het zeilen in geleerd heeft", seit Van Roesel. "We blijven zeggen: Als je kan varen in een tjotter, dan kan je in elke boot varen." Neffens him binne it boaten om de basis yn te learen.

"De boten werden voor de boeren gebruikt, voor de molenaar. We vinden het prachtig om te behouden, maar we willen ook dat ze blijven varen. Vandaar dat we nu ook een Zwerfkamp hebben voor jeugd, die ermee gaat varen." Bysûnder is ek dat minsken de boaten stypje kinne foar 200 euro it jier. Sy meie dan sels ek yn de tjotters farre.

Rob van Roesel oer de tsjotters fan Heech

16:45
In nije bestimming foar de Jeugdherbech

Op it plak fan de âlde Jeugdherberch stiet Jan IJben mei syn hûn Kaj. De jeugdherberch gie koartlyn ticht, nettsjinsteande it hege tal besikers yn 2020. "It kaam ta in ferrassing dat sy yn oktober sein ha: wy geane de boel sluten", seit Jan IJben. Hy fûn de sluting skande, ek foar de oare ûndernimmers fan it doarp. "Foar de fytsferhierders, de iterij, de slachter, de bakker, foar alles."

Mei in groepke ûndernimmers nimt IJben dêrom fan 1 oktober ôf it terrein oer. Se moatte flink oan de slach gean, mar "de basis is goed", sa seit IJben.

"We wolle noch dingen upgrade." Sa komt der in stikje wetter, sille der glampingtinten komme en famyljekeamers. Takom foarjier moat alles echt klear wêze en sille se draaie.

Jan IJben oer it plan foar de âlde jeugdherberch yn Heech

16:06
Douwe Cnossen is de havenmaster fan Heech

Douwe Cnossen is al jierren de havenmaster fan de haven fan Heech. Ek hjoed leit de haven goed fol. Cnossen makket lange dagen: somtiden oant healwei alven jûns. It ôfrekkenjen mei klanten, gers meane, poetse: yn de simmer giet it de hiele dei troch.

Yn guon gefallen helpt Cnossen mei it te plak krijen fan de boaten. "De ôfrûne jierren binne fansels in soad minsken op boaten stapt dy't nea farre. As it min waar is, as der hurde wyn is en se farre de haven yn, dêr't it hieltyd krapper en smeller wurdt, kinne minsken yn panyk reitsje. Dan is it lestich. Dat bart wol in pear kear deis."

De havenmaster fan Heech

15:15
Undernimmers yn aksje op de rêdingsboat

Yn de jachthaven fan Heech leit ek de rêdingsboat fan de PWO, Professionele Watersport Ondernemers. Yn gearwurking mei de meldkeamer, plysje en brânwacht komt de PWO mei dizze boat yn aksje by gefaar op it wetter. De rêdingsboat kaam der nei in tragysk ûngelok dêr't in famke by omkommen is. "Wy ha as ûndernimmers sein: dêr moatte wy wat oan dwaan", seit inisjatyfnimmer Kees Albers.

Fiif jier lyn is dizze gearwurking ûntstien. "As der mar wat driget, in lytse helpfraach oant grutte swiere ûngemakken lykas brân, dan kinne wy mei goeie, feilige materialen derop ôf gean en helpe", seit Albers. "Faak binne wy, om't wy sokke goeie materialen hawwe, as earste op it plak."

Boppedat kamen de ûndernimmers fan Heech mei 112water.nl, in app en webside dêr't minsken help sykje kinne foar lytsere helpfragen. Albers: "Dêr kinst help ynroppe as it net foar de meldkeamer is. As it medysk is, of as der wat yn de skroef sit, nim mar op."

Kees Albers oer de RIB-boat fan Heech

13:42
Keunst op de rotondes fan Heech

Wa't Heech ynkomt, rydt oer ien fan de twa rotondes. Yn it doarp wolle se dizze rotondes in bytsje opfleurje mei twa moaie keunstwurken, makke troch keunstner Gerrit Terpstra. "We wolle derop sjen litte wat der yn it doarp te dwaan is. De yndustry, de rekreaasje en natuer", seit Mark Visser fan de ûndernimmersferiening. Der binne earst twa makettes makke foar de keunstwurken op de rotondes.

Op de âlde tagong nei Heech komt in keunstwurk dêr't bygelyks fisken en seilen op te sjen binne. It keunstwurk foar de twadde rotonde, deun by it yndustryterrein, is krekt wat moderner: de boech fan in skip is neimakke fan hout en der is in rustfrijstielen spiraal te sjen.

It is lykwols noch net dúdlik hoefolle de keunstwurken kostje sille. "Wy steane noch oan it begjin", seit Mark Visser. "As ûndernimmers wolle wy graach hiel hurd, mar it leit no op it buordsje fan de gemeente."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar oer de rotondes by Heech

11:36
Hiel Heech enerzjyneutraal yn 2025

Heech wol oer 4 jier enerzyneutraal wêze. Dêrby spilet de Hegemer Mar in wichtige rol. Lucy Gelderblom fan Warm Heeg: "We hebben een prachtig meer voor de deur liggen waar je heel goed warmte uit kunt winnen. We hebben ook een collectief warmtenet nodig, we willen het met z'n allen doen. Voor het dorp, door het dorp."

Waarmte foar de winter

"Je oogst de warmte uit het oppervlaktewater als het 15 graden of warmer is, dus dat is in de zomermaanden. Dat zal zo'n 6 maanden in het jaar zijn, schatten we", seit Gelderblom. "Dan pomp je het warme oppervlaktewater naar een machinekamer toe en haal je de warme eruit met een warmtewisselaar. Dan brengen we de warmte over op grondwater. Die warmte slaan we op, tot de winter, wanneer we heel veel warmte nodig hebben."

It projekt sil wierskynlik sa'n 15 oant 20 miljoen kostje, seit Gelderblom. Begjin 2022 moat dúdlik wurde of it slagje sil. Foar de likernôch 2000 ynwenners moat it fansels wol betelber bliuwe, seit Gelderblom. Dêr sille se earst goed nei sjen. "Ons uitgangspunt is dat het haalbaar en betaalbaar voor alle inwoners van Heeg moet zijn."

Lucy Gelderblom van Warm Heeg

10:37
Freerk Visserman: de lêste beropsfisker fan Heech

Hy is de achtste generaasje fan fiskers én de allerlêste fan Heech: Freerk Visserman. By syn boathús lizze netten, amers, pompen en noch folle mear fiskersguod. "Ik hear in soad minsken tinken: 'It is efkes fûken leegjen en dan is it foar de fiskerman klear'. Mar dat is hjoed-de-dei al efkes oars."

De fûken wurde bygelyks hiel smoarch fan de algegroei, sa leit Visserman út. "En ik doch in soad oan rjochtstreeks ferkeap, dus dan moatte jo de fisk panklear oanleverje."

Visserman fisket benammen op iel. Dy fisk hat altiten wichtich west foar Heech. Mar hjoed-de-dei moat Visserman út in hiel grut gebiet syn fisk wei helje. "De ielstân gie efterút, der mochten net te folle fiskers bykomme", leit Visserman út. "Us gebiet is hieltyd grutter wurden, folle mear ferspraat. Ik sit no hielendal oant De Lemmer ta."

Freerk Visserman oer it beropsfiskjen

10:11
It wetter op mei splinternije roeiskiffs

Ferslachjouwer Johanna Brinkman is noch altiten by It Sylhûs. Dat is net sa frjemd: der is fan alles te dwaan, sa fertelt Marjolein Gritter: "We verhuren hier van alles." Sa binne der sups, optimists, en ek splinternije roeiskiffs. "Alsof je skifft, maar dan op een opblaasbare sup", seit Gritter oer de soarte fan roeiboat.

Yntusken farre de tjotters út. "Dat zijn een soort mini-open skûtsjes", fertelt se. "Ook die verhuren wij. Nu worden ze gebruikt voor een zwerfkamp voor jeugd."

Marjolein Gritter op de skiff - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Mar waait it dêr hjoed net krekt wat te hurd foar? Gritter: "Ze gaan vandaag niet het ruime sop op, maar kiezen voor nauwer vaarwater. Misschien dat ze alleen even kennismaken met hoe een tjotter eruitziet en hoe je die optuigt."

Marjolein Gritter oer de roeiskiffs

7:15
Swimme en sile by It Sylhûs

It sylhûs yn Heech is in plak dêr't in soad minsken komme foar fakânsje. It is der hjoed drok mei caravans en boatsjes. "It blykt dat in soad minsken yn Nederlân bliuwe, dat skeelt wol", seit Jan Hettinga, foarsitter fan Heeg Fan âlds. Hettinga is hikke en tein yn it wettersportdoarp. "It is moai. It hat in soad wetter, do kinst alle kanten út."

"Der komme hieltyd mear mooglikheden om te farren", seit Hettinga. Ek hy is in echte wettersportman. "Ik ha myn hiele libben syld, ik ha in sylboat en in sloep. It wetter is it moaiste."

Jan Hettinga - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

"De boaten komme Heech binnen. Dêr binne terraskes, dêr lizze de boaten oan, dat bringt gesellichheid", giet Hettinga fierder. "It rint swart fan de minsken as it moai waar is. Dat bringt gesellichheid. Heech hat wol in goede namme as wettersportplak, om't se hjir prachtich sile kinne, ek mei grutte skippen. Hjir stiet oeral mear as 2 meter wetter."

Yn it wykein kinne de boaten boppedat sa it Iselmar op; binnen 2 oeren lizze jo yn Starum. Hettinga: "Dat lûkt wol. En Heech is gewoan in gesellich plakje."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn Heech

7:00
Goeiemoarn!

Goeiemoarn! It is de fiifde wike fan Simmer yn Fryslân. Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne wy yn Heech.

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Freed wiene wy yn Harns. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)