Wylde ferhalen oer coronafaksin by swangerskip: dit binne de feiten en fabels

09 aug 2021 - 08:24

Sikehûs Tjongerschans wol de wylde ferhalen oer de gefolgen fan it coronafirus en it coronafaksin foar froulju dy't yn ferwachting binne graach út de wrâld helpe. Dêrom hâlde sikehûsapoteker Minke Jongsma en gynekolooch Clasien van der Houwen moandeitejûn in ynformaasjejûn oer de foardielen en risiko's fan in coronafaksinaasje by swiere froulju of froulju mei in bernewinsk.

Foto: Shutterstock.com (MIA Studio)

It ûnderwerp swangerskip en it coronafirus is op it stuit ekstra aktueel, no't bliken dien hat dat de deltafariant fan it firus gefaarliker is foar froulju dy't yn ferwachting binne. "Daar ben ik wel erg van geschrokken", seit Van der Houwen.

"Het gaat nu niet alleen meer over vrouwen die tot een risicogroep behoren, maar ook over vrouwen die niet echt een verhoogd risico hebben. Het geldt dus voor iedereen die zwanger is", leit de gynekolooch út.

Faksin

Van der Houwen advisearret dêrom al har pasjinten om it coronafaksin te nimmen. "De kans dat je zonder de deltavariant op de ic komt als zwangere vrouw was al drie keer zo hoog. Als je daar beademd moet worden betekent dat ook dat je kind te vroeg geboren moet worden, als het al levensvatbaar is. Dat is echt een risico voor je kind en voor jezelf natuurlijk ook."

Oer it faksin geane online de wyldste ferhalen rûn. Sa soene je der ûnfruchtber fan wurde kinne, mar neffens Van der Houwen is dat nearne op basearre. "Dat is echt een fabeltje. Ik denk dat dat gekomen is na de HPV-vaccinatie. Dat had met de vruchtbaarheidsorganen te maken en toen is dat ergens gaan rondzingen."

"We hebben bij andere vaccinaties nog nooit gezien dat het een nadelig effect heeft op de vruchtbaarheid. Bij het HPV-virus is met studies inmiddels ook aangetoond dat het niet zo is. Er is geen enkele reden om aan te nemen dat het virus iets doet voor de vruchtbaarheid", seit Van der Houwen.

Social media

Neffens de dokter binne dy wylde ferhalen it gefaar fan sosjale media. "Als je iets vaker leest, dat heb ik zelf ook, dan ben je geneigd om dat te gaan geloven. Dus daar moeten we echt wat tegenover stellen: iets dat echt klopt."

Dêrom hâlde Van der Houwen en Jongsma in ynformaasjejûn. "We gaan stap voor stap in op hoe het virus nou werkt. We gaan ook vragen beantwoorden, over borstvoeding bijvoorbeeld."

Iepen foar elkenien

Yntusken hawwe al hûndert froulju harren oanmeld foar de online gearkomste. It tal minsken is net beheind. "Dus iedereen is welkom", seit Van der Houwen. De ynskriuwing is te finen fia de webside fan Tjongerschans.

De ynformaasjejûn duorret fan healwei achten oant kertier oer achten. "En mocht het uitlopen vinden we dat niet erg. We blijven gewoon zitten voor alle vragen", sa seit de gynekolooch.

Clasien van der Houwen oer corona by swangerskip

(Advertinsje)
(Advertinsje)