Giftige jabikskrúswoartel soarget foar hieltyd mear oerlêst by boeren

09 aug 2021 - 06:39

It giftige jabikskrúswoartel soarget foar oerlêst by boeren. Bisten kinne der deasiik fan wurde, mar it krûd komt hieltyd mear foar yn it lân. Hynders, kij en bargen kinne de giele plantsje bygelyks binnen krije as de blommen yn it kuil telâne komme. It krûd heapet him op yn de lever. Dat kin in bist úteinlik fataal wurde.

Jabikskrúswoartel by De Woudfennen op De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De plant (yn it Nederlânsk jacobskruiskruid) dûkt ek hieltyd mear op yn de bermen by de dyk del. De oerheid lit de plant faak stean. Lânbou-organisaasje LTO Noord fynt dat der wat oan feroarje moat.

"It is yndie in moaie plant. Mar it is ek in plant dy't 'm troch de loft maklik ferspriedt. Dan bedarret it al gau op boerelân", seit Jan Teade Kooistra fan LTO Noord. Kij of skiep litte it wol stean, mar as it yn it kuil komt net. Kooistra: "Dan sit it troch it gers en ite sy it gewoan op."

Neidiel fan bioferskaat

LTO Noord wol dan ek dat de oerheid mear wurk makket fan de bestriding. Dêr binne earder al ôfspraken oer makke, seit Kooistra. "Troch it oare meanbelied yn de berms is dêr no minder omtinken foar. Sy meane letter om't dat goed is foar it bioferskaat. Mar dat hat wol konsekwinsjes."

Meanbelied

De lânbou-organisaasje wol dat no yn kaart brocht wurdt wêr't krekt grutte problemen mei de jabikskrúswoartel binne. "No kinne je him dúdlik sjen. As je witte wêr't er stiet, kinne je dêr takom jier earder meane. Dan hâldt de fersprieding op."

Jan Teade Kooistra fan LTO Noord

De provinsje seit as behearder fan tal fan diken dat boeren ferplichte binne om it plantsje fuort te heljen as it risiko bestiet dat it yn it feefoer bedarret.

(Advertinsje)
(Advertinsje)