Bestjoer Tjalling Koopmans College Hurdegaryp op 'e nij foar de rjochter

09 aug 2021 - 06:54

It bestjoer fan it Tjalling Koopmans College, ek wol Stichting voor Persoonlijk Onderwijs, stiet moandei op 'e nij foar de rjochter. By de rjochtbank yn Den Haag fjochtet it bestjoer de ynhâld fan de rapporten oan dy't de ûnderwiisynspeksje makke hat.

It Tjalling Koopmans College (SvPO Hurdegaryp) - Foto: Omrop Fryslân

Yn de rapporten stiet in soad krityk oer it finansjele hanneljen fan it bestjoer. Ek is der in kritysk oardiel oer de kwaliteit fan it ûnderwiis. It is de tredde kear yn koarte tiid dat it bestjoer fan de skoalle foar de rjochter stiet.

De earste saak wie foar de rjochtbank yn Amsterdam. Dêr besocht de direksje publikaasje fan sechstjin rapporten fan de ûnderwiisynspeksje, twa foar eltse lokaasje fan de Stichting voor Persoonlijk Onderwijs, op te kearen.

Rapporten wol publisearre

Ien fan de arguminten doe wie dat de ynhâld noch oanfochten wurdt en der gjin sprake wêze koe fan publikaasje. De rjochter tocht dêr oars oer en de rapporten oer de acht ferskate fêstigingen binne koartlyn publisearre.

De twadde saak wie foar de rjochtbank yn Ljouwert. Dêr easke dosint Bert Mul dat hy it skoaljier ôfmeitsje mocht. Hy krige dien nei't hy by Omrop Fryslân him kritysk útlitten hie oer it grutte ferrin ûnder dosinten by de fêstiging yn Hurdegaryp. Mul mocht fan de rjochter it skoaljier ôfmeitsje op it Tjalling Koopmans College.

Foto: Omrop Fryslân

Foar de rjochtbank yn Den Haag draait it no om de ynhâld fan de rapporten. It skoalbestjoer bestriidt de ferskate konklúzjes fan de ûnderwiisynspeksje. It giet dan om it oardiel dat jûn is oer de finânsjes fan de ferskate skoallen (foar eltse lokaasje wurdt in apart rapport makke oer de finânsjes, red.).

Neffens de ynspeksje is der sprake fan belangeferfrisseling. Der wurdt dan sjoen nei it oprjochterspear Misha van Denderen en Suzan Polet. Van Denderen is bygelyks ek ûntwikkeler en eigener fan in learsysteem dat brûkt wurdt. As bestjoerder nimt hy dêr besluten oer.

De bern fan it stel krije betelle opdrachten sûnder dat dêr goed tafersjoch op is. Belangeferfrisseling kin net útsluten wurde, skriuwt de ynspeksje.

Kwealik sicht op finânsjes

Yn in reaksje op it rapport seit it skoalbestjoer dat de ûnderwiisynspeksje syn claims net ûnderbouwe kin. Benammen om't de ynspeksje sels skriuwt dat se kwealik sicht ha op de finânsjes om't der te min ynformaasje is.

De ynspekteurs soenen der goed oan dwaan om dan fierder ûndersyk te dwaan, stiet yn de reaksje. Boppedat, sa skriuwt it bestjoer, giet dit oardiel oer ein 2019. Yn july 2021 giet it finansjeel in stik better.

(Advertinsje)
(Advertinsje)