CBS: Bewenners Skiermûntseach wenje tichtst by biblioteek

09 aug 2021 - 06:09

Bewenners fan Skiermûntseach wenje fan alle Nederlanners it tichtst by in biblioteek. Dat docht bliken út sifers fan de Koninklijke Bibliotheek dy't it CBS besjoen hat.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Op Skiermûntseach moat gemiddeld 600 meter ôflein wurde om by de biblioteek te kommen. Foar ynwenners fan it Siuwske Noord-Beveland stiet de biblioteek it fierst fuort, op gemiddeld rom 14 kilometer ôfstân. In Nederlanner wennet gemiddeld 2 kilometer fan in biblioteek ôf.

It CBS hat ek besjoen hoe't de sifers har ferhâlde ta seis jier lyn. Dêrút docht bliken dat de ôfstân fan ynwenners ta in biblioteek troch it sluten fan fêstigingen yn de gemeente Ljouwert it meast tanaam is, folge troch De Fryske Marren en Opsterlân.

Yn Noardeast-Fryslân is dy ôfstân krekt minder wurden troch nije biblioteken. It tal útliende boeken is neffens it CBS ôfnaam, mar it tal downloade digitale boeken en harkboeken naam ta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)