Brânwacht ynset by autobrân oan de Sylsterdyk yn Ljouwert

08 aug 2021 - 21:54

Oan de Sylsterdyk yn Ljouwert hat sneintejûn in auto yn ljochte lôge stien. De brân wie ûntstien yn it motorkompartimint fan de wein. De brânwacht waard oproppen en de brânwachtlju hiene it fjoer rap ûnder kontrôle.

Foto: AS Media

De Sylsterdyk, oan de westkant fan de stêd, wie tydlik ôfsletten foar it ferkear fanwege de ynset fan de helptsjinsten.

Trefwurden: 
Ljouwert autobrân Sylsterdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)