Boatedief by de Domphaven yn Snits troch de plysje efterfolge

08 aug 2021 - 19:31

By de Domphaven yn Snits is sneon in man oanholden dy't in brânstoftank meinommen hie en dy't ek besocht in boat te stellen. De fertochte besocht út te naaien mei syn eigen boat, mar de plysje fan Snits efterfolge him en koe de man oan de wetterkant oanhâlde.

Foto: Politie Sneek e.o.

De boat fan de fertochte is troch de plysje yn beslach nommen. Daar waard ek de benzinetank yn fûn. Ut ûndersyk kaam fêst te stean dat de fertochte fan doel wie om de oare boat te stellen. De man moat ynkoarten foar de rjochter ferskine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)