Partoer Sijbrandij, Scheepstra en Zeinstra wint keatspartij yn Harns

De winst by it haadklassekeatsen by de froulju yn Harns gie nei it partoer fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. De finale einige mei 2-5 6-6 tsjin Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma.
© Henk Bootsma
It partoer fan Nienke Sijbrandij hie al leafst fiif frije formaasjepartijen wûn. It tredde plak gie nei Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma. De organisaasje fan de partij lei yn hannen fan KV Eendracht yn Harns.