Hynste-evenemint SGW yn Finkegea skrast fanwege corona-ûnwissens

08 aug 2021 - 16:44

It hynste-evenemint SGW (samengestelde wedstrijd) yn Finkegea giet net mear troch. Foar 21 en 22 augustus stiene der dressuer, springe en crosscountry op it programma, mar mei de hjoeddeiske coronamaatregels kin der net in kwalitatyf goede wedstriid hâlden wurde, sa seit de organisaasje.

Foto: Shutterstock.com (Abramova Kseniya)

Stichting SGW Vinkega wie al drok mei de tariedingen. De ynskriuwing stie iepen en de startlisten waarden makke foar de 150 dielnimmers.

Unwissens

Fanwegen de coronamaatregels soene der ekstra kontrôle en sitplakken komme moatte, mar de organisaasje fynt it net feilich en net wurkber.

"We weten bovendien niet waarmee het kabinet op 13 augustus nog komt en dat is maar een week voor het evenement," seit Jeannette van Veen. "We vinden het echt heel erg jammer. Maar het gaat om de veiligheid van de deelnemers en vrijwilligers."

It is de bedoeling dat der yn it twadde wykein fan juny yn 2022 wer in SGW folget.

(Advertinsje)
(Advertinsje)