Goed 2.000 kilo ôffal fan it Waad helle mei Beach Cleanup Tour

08 aug 2021 - 16:10

Yn acht dagen tiid hawwe frijwilligers 2.062 kilo ôffal fan de strannen fan de Waadeilannen opromme. Goed 540 frijwilligers diene mei oan de Boskalis Beach Cleanup Tour fan Stichting De Noordzee. Der binne 2.593 sigarette-eintsjes fûn.

Opromaksje op Skiermûntseach - Foto: Stichting De Noordzee

Stichting De Noordzee is noch in wike dwaande mei de aksje oan de Noardseekust, mar de Waadeilannen hawwe no west. Yn 2020 gie de tour net troch, yn 2019 waard der 3.262 kilo fûn.

Lyts plestik

It foel op dat der dit jier minder grut ôffal fûn waad, mar just mear lytse stikjes plestik. Dy kinne hiel skealik wêze foar it seelibben.

Sa'n 2,5 jier nei de ramp mei it kontenerskip MSC Zoe waard der ek noch altyd rommel út dizze konteners wei fûn. It giet bygelyks om boartersguod, kuorkes en kuolkast-aaibakjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)