RIVM: 74 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 74 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It is der ien mear as sneon. Doe gie it om 73 besmettingen. Neffens it RIVM kin der wol sprake wêze fan in 'ûnderrapportaazje', om't der in steuring wie by it trochjaan fan gegevens fan teststrjitten.
De faksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân yn Dokkum © Omrop Fryslân
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 79 besmettingen meld yn Fryslân. Sneon lei dat trochsneed op 78.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (13). Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (12) en Tytsjerksteradiel (9).
Fjouwer gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om Achtkarspelen, Skiermûntseach, Skylge en Flylân.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin minsken mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen opnaam.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.347. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.595 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.