Rennie Rijpma: "Sjoernalistyk is mear as samar in filmke de wrâld yn stjoere"

Rennie Rijpma stiet sûnt 1 july oan it roer by it Algemeen Dagblad. Sy is de earste froulike haadredakteur fan de krante. Yn Buro de Vries in petear mei Rijpma, dy't hikke en tein is yn Oentsjerk. Sjoernalistyk stie net boppe-oan har listje doe't sy jong wie. Fia oare wegen kaam se der dochs yn terjochte.
Rijpma wurket no sa'n 10 jier by de krante. Sy hold har benammen dwaande mei digitalisearring. No is sy dus einferantwurdlik foar de koers fan de krante dy't alle dagen miljoenen minsken berikt.
It Algemeen Dagblad is in krante mei in breed publyk. De nije haadredakteur is no in moanne dwaande. It wie fuort in heftige moanne, benammen troch de moard op Peter R. de Vries, dy't ek grutte yndruk makke op de sjoernalisten fan it AD.

"Ik moast fuort oan de bak"

It ferhaal fan Peter R. de Vries stiet foar in part hielendal op himsels, mar neffens Rennie Rijpma is feiligens fan sjoernalisten wol hieltyd mear in ûnderwerp wurden. Hast oer alle ûnderwerpen binne tsjinstellingen. As it no om it coronafirus of fuotbal giet, sa seit Rijpma. "De tsjinpoalen lykje hieltyd heftiger foar inoar oer te stean. Dat fernimme je wol."
Wy moatte dúdlik meitsje dat sjoernalistyk 'hoor en wederhoor' is, en net allinnich mar in foarbygonger dy't in filmke de wrâld ynstjoert.
Rennie Rijpma
Rijpma fynt dat de sjoernalistyk ek har rol pakke moat om út te lizzen wêr't sy mei dwaande is en hoe't sy wurket. "Wy moatte dúdlik meitsje dat sjoernalistyk 'hoor en wederhoor' is, en net allinnich mar in foarbygonger dy't in filmke de wrâld ynstjoert."
© ANP
Je kinne hast sprekke fan in bliksemkarriêre: tsien jier lyn begûn by it AD en no op it heechste sit fan de krante. Dat is foar Rijpma sels ek wol bysûnder. "Ik tocht earst: dat kin ik net wurde, want ik ha net sa'n útsprutsen miening."

Miening en nuânse

It byld fan in haadredakteur dy't oeral in stevige miening oer hat, like har in bytsje yn de wei te sitten. Dochs sollisitearre sy en sy fynt it ek net nedich om oeral in miening oer te hawwen. It is just ek moai dat de nuânse der is, fynt Rijpma. Dat is ek wat se graach yn de krante weromsjen wol. Goede ferhalen mei romte foar de nuânse.
Ik soe foardat ik ophâld mei wurkjen wer wat dwaan wolle op in oar flak. It maatskiplik wurkfjild, bygelyks.
Rennie Rijpma
It paad nei de sjoernalistyk wie foar de 49-jierrige Rennie Rijpma net fan jongs oan ôf in doel. De húshâlding wêryn't sy opgroeide wie maatskiplik belutsen. In boerefamylje mei in heit en mem dy't aktyf wiene by ferieningen en it doarpslibben. Rennie is de jongste fan fiif bern en neffens heit berne foar it gelok. Dat is wat hy altyd tsjin har sei. En sa fielt it ek wol.

De sjoernalistyk

Sjoernalistyk kaam pas letter, neidat se fia in stúdzje maatskiplik wurk, in jier rjochten die en Ingrid Spijkers tsjinkaam. Dy begûn in parseburo yn Ljouwert en Rennie waard frege om de rjochtbanksjoernalist te wurden. Sa rôle sy de sjoernalistyk yn.
Oft dat oer tsien jier noch sa is wit sy net. "Ik soe foardat ik ophâld mei wurkjen wer wat dwaan wolle op in oar flak. It maatskiplik wurkfjild, bygelyks."
Foarearst is dêr lykwols noch hielendal gjin sprake fan. De job is krekt begûn en Rijpma hat der wakker nocht oan.
Yn de simmerwiken ûntfangt Buro de Vries tusken 12.00 en 13.00 oere op sneins in saneamde simmergast. Alle ôfleveringen fan de podcast fan Buro de Vries binne op dit plak werom te finen.
Hjir binne de ferhalen fan de eardere simmergasten te finen: