FIDEO: Tsjerketsjinst yn de Ontmoetingskerk op De Gordyk

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. Dizze snein kaam de tsjinst út de Ontmoetingskerk op De Gordyk wei.
Foargonger is dûmny Dingena Hasper. De muzyk komt fan Trio Ypsilon, dat bestiet út sopraan Maria Wienholts, fluitiste Meta Oud en pianist Andries Dijkstra.
Klik hjir foar de liturgy fan dizze tsjinst.