FIDEO: Kallon komt werom fan corona en sjit Cambuur nei lykspul

SC Cambuur hat de tarieding op it nije earedifyzjeseizoen ôfsletten mei in lykspul: it waard 2-2 tsjin Waasland-Beveren. Dat it noch sa einige, hiene de Ljouwerters te tankjen oan Issa Kallon. De oanfaller skeat krekt foar tiid op prachtige wize de lykmakker. It wie in hichtepunt foar Kallon, dy't foar it earst minuten makke nei't er in tal wiken lyn corona krige.
Besjoch hjir de gearfetting fan Waasland-Beveren tsjin SC Cambuur: