OERSJOCH: Wa keatst tsjin wa op de Freule?

Woansdeitemoarn set yn Wommels de 119e edysje fan de Freulepartij útein. It is de wichtichste keatspartij foar jonges, dy't mar in pear kear de kâns krije om 'm te winnen. De twa finalisten fan de generale repetysje ôfrûne snein treffe elkoar woansdei yn de earste omloop.
It partoer fan Boalsert wûn dit jier de Bûnspartij © Dijks Fotografie
Der steane dit jier 35 partoeren op de list. Dat is opnij minder as ferline jier en it jier dêrfoar. Yn 2020 wiene der 38 partoeren en yn 2019 noch 41 partoeren. Foarsitter Tjeerd Dijkstra sei doe al dat it der op like dat de partij der oan wenne moat, om't de oanwaaks fan jonge keatsers minder wurdt.
Wat opfalt oan de lotting is dat it partoer fan Jellum-Bears (Wiebe Siemen Leenstra, Harold de Boer en Jelmer Miedema) it yn de earste omloop direkt opnimt tsjin Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk (Jan Bandstra, Jelmer Torensma en Rutger Torensma).
Dy twa partoeren stienen snein yn Frjentsjer by de generale repetysje yn de finale. Doe wûn Jellum-Bears mei 5-4 en 6-2.
Jellum-Bears hat dit seizoen mar trije kear ferlern: fan Boalsert, Berltsum en Dronryp.

Lotting foar De Freulepartij

1 Kimswert 2 Ouwe-Syl
3 Spannum 4 Boalsert
5 Grou 6 Wommels
7 Arum 8 Makkum
9 Wytmarsum 10 Folsgeare
11 Winsum 12 Sint-Anne
13 Stiens 14 Seisbierrum-Pitersbierrum
15 Moarre-Ljussens 16 Baard
17 Frjentsjer 18 Bitgum
19 Jellum-Bears 20 Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk
21 Berltsum 22 Dronryp
23 Reahûs-Turns 24 De Hommerts
25 Sint-Jabik 26 Lollum-Waaksens
27 Reduzum 28 Eksmoarre
29 Achlum 30 Tsjom
31 Raerd 32 Ljouwert
33 It Hearrenfean 34 Menaam
35 Ingelum --