Tongerbuien binne spulbrekkers foar de sport: fuotbal en fierljeppen skrast

It needwaar fan sneontejûn is in grutte spulbrekker foar de sport yn de provinsje. De wedstriid yn de fierljepkompetysje yn Drylts is nei trije kear stillizzen hielendal skrast. Yn it Abe Lenstra Station is de fuotbalwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin it Italiaanske Lecce healwei skrast nei in swiere tongerklap.
It terrein om de fierljepskâns yn Drylts hinne is dweiltrochwiet. Fierljeppers en publyk sochten in drûch plakje ûnder in ôfdak of paraplu.

Sprongen jilde net

De wedstriid is om in oer as 20.00 hinne stillein. Ek in ynkoarten wedstriid wie net mear mooglik. De sprongen dy't dien binne, jilde net foar it klassemint. Dat is foar guon spitich, sa ljepte Iris Wijbenga fan Heech in persoanlik rekôr mei 13,93 meter. It rekôr bliuwt stean, mar telt net mei foar de kompetysje.
It is de bedoeling dat de wedstriid yn Drylts moandei ynhelle wurdt, om 18.30 oere.
It publyk moast it hegerop sykje op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
It publyk yn it fuotbalstadion op It Hearrenfean waard frege om wat heger op de tribunen te sitten. Nei it skoft yn de wedstriid folge in hurde tongerklap. De ploegen waarden wer nei binnen stjoerd.

Net útspile

De Italianen moatte sneontejûn wer op tiid op it fleanfjild wêze, dêrom is besletten de wedstriid fierder te staken. Om't der noch folle mear buien oan kamen is de wedstriid net út spile.