Lêste oefenwedstriid SC Hearrenfean staakt fanwege needwaar

07 aug 2021 - 19:59

SC Hearrenfean hat de tarieding op it nije seizoen mei in ferfelend gefoel ôfsletten. De wedstriid tsjin it Italiaanske Lecce waard nammentlik yn de 46ste minút staakt yn ferbân mei needwaar. Op it momint fan staken wie it 1-1.

Foto: Omrop Fryslân, Lars de Leeuw

Hearrenfean begûn wol aardich mei druk nei foaren, mar de Italianen makken de earste goal. In hoekskop waard knap yn it doel kopt troch spits Massimo Coda fan Lecce: 0-1.

Wer in Hearrenfean-ferdigener blessearre

Nei goed 20 minuten moast ferdigener Ibrahim Dresevic nei de kant mei in blessuere. Syn ferfanger wie Syb van Ottele. Dresevic is al de tredde ferdigener fan Hearrenfean dy't yn de tarieding op it nije seizoen blessearre rekke is.

Pawel Bochniewicz leit der moannen út mei in ôfskuorde krúsbân en Lucas Woudenberg hat in ankelblessuere. Woudenberg is wol op it paad werom.

De blessuere fan Dresevic liket lykwols ta te fallen. Dat sei trainer Johnny Jansen nei de wedstriid.

Trainer Johnny Jansen:

Joey Veerman soarge yn de 26ste minút foar lykwicht yn de skoare. Veerman dribbele rjochting it strafskopgebiet, kombinearre mei Mitchell van Bergen en makke it sels, fia de binnenkant fan de peal, kreas ôf.

Dêrnei krige Hearrenfean in pear moaie kânsen om op foarsprong te kommen: in skot fan Tibor Halilovic ferdwûn oer de goal en Henk Veerman skeat in foarset fan Rami Kaib fan tichtby op de foet fan keeper Marco Bleve.

Keeper Erwin Mulder:

Fuort nei it skoft waard de wedstriid stillein yn ferbân mei needwaar. Nei in hurde tongerklap stjoerde skiedsrjochter Van der Laan de ploegen wer nei binnen. It publyk waard frege om yn ferbân mei de feiligens wat heger op de tribune sitten te gean.

De ploegen seagen de waarsomstannichheden efkes oan, mar der kamen noch folle mear buien oan.

Wedstriid stillein fanwege ûnwaar

De Italianen, dy't útkomme yn de Serie B, it twadde nivo fan Italië, moasten foar 23.00 oere by Airport Eelde wêze, om't it fleanfjild dan slút. Dêrom is besletten om de wedstriid net mear út te spyljen.

De opstellingen

SC Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic (25' Van Ottele), Kaib; Kongolo, Halilovic, J. Veerman; Van Bergen, H. Veerman, Stevanovic.

Lecce: Bleve; Gendrey, Lucioni, Tuia, Vera; Hjulmand, Majer, Björkengren; Listkowski, Coda, Olivieri.

Nije wike iepenet SC Hearrenfean it nije earedifyzjeseizoen tsjin Go Ahead Eagles. De ploegen traapje op freed 13 augustus om 20.00 oere ôf yn de Adelaarshorst yn Deventer.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)