Fierste sprong by FK fierljeppen foar de jongerein nei Jorrit Bouwstra

07 aug 2021 - 18:17

Yn Drylts hawwe sneontemoarn 29 jonges en famkes striden om in earste plak yn de Fryske Kampioenskippen foar de jongerein. De fierste sprong fan de dei waard makke troch Jorrit Bouwstra fan Reduzum, dy't 10,49 meter efter syn namme skriuwe koe.

Jorrit Bouwstra - Foto: Martin de Jong

By de jonges oant en mei 10 jier gie it earste plak nei Ysbrand Haanstra, dy't mei 8,35 meter ek in persoanlik rekôr op syn namme skriuwe mocht. De twadde en tredde priis giene nei Hylke Brouwer fan Arum (8,26 meter) en Bram Bergstra fan Drylts (7,62 meter).

Jorrit Bouwstra waard mei 10,49 meter earste yn de kategory foar jongens tusken de 11 en de 12 jier. Reinder Haanstra fan It Heidenskip (10,36 meter) en Roan Bijlsma fan Heech (9,40 meter) waarden twadde en tredde.

De famkes

Under de famkes oant de 10 jier pakte Else Klijn Velderman fan Koudum de winst mei 7,73 meter, foar har ek in persoanlik rekôr. Lyke Kaag fan It Heidenskip (7,23 meter) en Ingrid Postma fan Koufurderrige (6,28 meter) folgen nei har.

Yrsa Maats fan Surhústerfean waard mei 10,19 meter earste by de famkes tusken de 11 en 12 jier. Vienne van der Knaap fan Drylts (9,09 meter) en Nynke Klijn Velderman fan Koudum (8,90 meter) hellen it twadde en tredde plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)