Beheinde Olympiade-sylstriid om it Snitswikegefoel te behâlden

07 aug 2021 - 17:53

Op de Snitser Mar is dit wykein de sylwedstriid Olympiade. Gewoanwei dogge der mear as 700 boaten mei, mar troch it coronafirus is dat de helte minder. Dochs binne de silers optein dat sy wer los meie.

De Olympiade is wat oars as oars, mar giet wol troch:

"Denk erom hoor, niet gelijk in het water vallen," seit Klaas Weissenbach, wylst hy in boat klearmakket om de Snitser Mar op te gean. Yn de fierte binne al ferskate sylboaten dwaande om it earste plak yn de Olympiade te beheljen.

"Dit is toch fantastisch om te zien, al die boten weer op het water." Mei in grutte straal gas fart Weissenbach op de boaten ôf.

Oars as oars

As lid fan Koninklijke Watersportvereniging Sneek is hy belutsen by de organisaasje. "Het is natuurlijk anders dan anders. De helft minder boten en we hebben geen activiteiten aan wal. Normaliter zijn er nog allemaal feesttenten, maar die konden niet. Het is jammer, maar we bekijken het positief. We zijn eindelijk weer los."

Klaas Weissenbach fan de Olympiade op it wetter - Foto: Omrop Fryslân

It entûsjasme wurdt troch de silers Kim en Britt dield. Ferline wike waarden sy twadde op it NK, mar no lizze sy op de mar fan Snits. "We zeilen eigenlijk altijd de Olympiade, dus hebben we dat vorig jaar echt gemist. Dit is wel wat anders zonder de feesten, want die zijn ook niet verkeerd. Maar toch, we zijn er weer. Dat is het belangrijkste."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de Olympiade

Oft Kim en Britt foar de winst gean moatte sy sels noch efkes besjen. "We liggen wel redelijk op kop, maar de dagen zijn nog lang."

De Olympiade duorret fan sneon oant en mei moandei. Op moandei binne de silers klear om 15.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)