Jobbegea fynt wenningbou lang duorjen: Heerenveen Lokaal stelt fragen

07 aug 2021 - 17:07

De fraksje fan Heerenveen Lokaal hat fragen oan it kolleezje fan gemeente Hearrenfean steld oer de wenningbou yn Jobbegea. Ynwenners freegje harren ôf wêrom't de bou fan in appartemintekompleks sa lang duorret en hoe't it sit mei de mooglikheden fan bou op de noch lege, frije kavels.

De hoeke Schoolweg-Ekke Dijkstraweg - Foto: Google Street View

Oan de noardkant fan it doarp, op de hoeke fan de Schoolweg en de Ekke Dijkstraweg, wurdt al in hûs boud. Mar de rest fan it eardere skoalterrein is noch leech. It pleatslik belang fan Jobbegea freget him ôf wêrom't de oare kavels noch net útjûn binne. Dêrom wol Heerenveen Lokaal graach witte oft by de gemeente wol dúdlik is dat dêr ferlet fan is.

Fierder wol de partij ek witte wat de betingsten foar bou binne, wannear't de ferkeap fan de kavels úteinset en wêrom't dêr noch gjin dúdlikens oer is.

Apparteminten

Yn Jobbegea moat ek in nij appartemintekompleks komme, mar it is net helder hoefier de gemeente mei de bouproseduere is. Heerenveen Lokaal wol graach witte om hoefolle hier- of keapwenten it giet, foar watfoar doelgroep it bedoeld is en wêrom't it sa lang duorret foar't der echt boud wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)