Cambuur yn slotfaze dochs noch njonken Waasland-Beveren: 2-2

SC Cambuur hat de lêste wedstriid yn de tarieding op it nije seizoen lykspile. Yn it Belgyske Beveren waard it 2-2 tsjin Waasland-Beveren. De doelpunten fan Cambuur kamen op namme fan Sam Hendriks en Issa Kallon.
Trainer Henk de Jong:
Cambuur hie in dreamstart tsjin de ploech dy't útkomt yn it twadde nivo fan België. Sam Hendriks krûpte yn de fjirde minút goed foar in Belgyske ferdigener en tikke de foarset fan Robin Maulun yn it doel, in echte spitsengoal. Dêrnei krige Cambuur kânskes om de foarsprong út te wreidzjen, mar in twadde goal kaam der net.
Waasland-Beveren hie letter wol gelok. Nei in hoekskop ûntstie der in klutssituaasje foar it Cambuur-goal. Leonardo Bertone kopte de bal yn twa ynstânsjes rjochting de twadde peal, wêr't Kevin Hoggas de bal fia Doke Schmidt tsjin it net skeat. Mei in 1-1 tuskenstân op it skoareboerd sochten beide teams de klaaikeamers op.
Issa Kallon:

Wer in tsjingoal nei in hoekskop

Nei it skoft wie der in oerwicht foar de Belgen. Al fluch foarkaam Doke Schmidt mei in sliding de 2-1. Dêrnei wie der in skot fan âld-PSV-spiler Matthias Verreth dy't oer it Cambuurdoel fleach. Mar in doelpunt koe net útbliuwe en dat barde dan ek net. Yn de 64ste minút stie Leonardo Bertone hielendal frij by de twadde peal. Syn skot ferdwûn fia Alex Bangura yn de goal: 2-1.
Ek nei it doelpunt fan Waasland-Beveren hie Cambuur it dreech. De Ljouwerters kamen bytiden net fan de eigen helte ôf. De Belgen sprongen lykwols net goed mei harren kânsen om en dat kaam se djoer te stean. Twa minuten foar tiid kaam Cambuur nammentlik op likense hichte.
Issa Kallon gie snel by syn tsjinstanner sel en skeat de bal fia de latte hurd yn de goal. Sa eindige de lêste oefenwedstriid fan Cambuur yn 2-2.
Mitchel Paulissen fan Cambuur © Orange Pictures
De opstellingen:
SC Cambuur: Stevens; Schmidt (78' Van der Meer), Mac-Intosch (63' Tol), Schouten (C), Bangura; Hoedemakers, Maulun (63' Jacobs), Breij; Doodeman (63' Sambissa), Hendriks (63' Kallon), Paulissen.
Waasland-Beveren: Jackers (C); Mertens (86' Traoré), Schoonbaert, Vukotic, Davis (70' Knollenburg) ; Hoggas (70' De Mey), Bertone (70' Schryvers), Verreth (78' Trari); Albanese (70' Reyners), Maderner (70' Faucher), Efford (70' Edmundsson).
Nije wike snein set it earedifyzjeseizoen foar SC Cambuur útein. De Ljouwerters nimme it dan op tsjin FC Groningen. Dy wedstriid begjint om 12.15 oere en wurdt spile yn it eigen stadion. It stadion mei by dy wedstriid, yn ferbân mei de coronaregels, mar foar twa tredde fol wêze.