Bestjoerder slim ferwûne nei botsing tsjin in beam yn Koartehimmen

07 aug 2021 - 16:19

Op de Suderskarren by Koartehimmen hat in sneontemiddei in slim ûngelok west. It giet om in iensidich ûngelok: der is in auto tsjin in beam oanriden. Neffens de plysje is in man slim ferwûne rekke. De 23-jierrige bestjoerder moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.

Foto: Raymon Roersma / ProNews

Njonken de ambulânse is der ek in traumahelikopter oproppen. Hoe't it kin dat de auto tsjin de beam oanriden is, hat de plysje net bekend makke. De Forinsyske Opspoaring Ferkear docht ûndersyk nei it ûngelok. De Suderskarren is tydlik ôfsletten foar ferkear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)